Der Untergang

film út 2004 fan Oliver Hirschbiegel

Der Untergang is in Dútske histoaryske film út 2004 ûnder rezjy fan Oliver Hirschbiegel. De film giet oer de lêste tsien dagen fan Adolf Hitler yn de Slach om Berlyn, sjoen troch de eagen fan Traudl Junge, syn persoanlike siktaresse. Likernôch 4,5 miljoen Dútsers hawwe Der Untergang sjoen. [1]

Ferhaal bewurkje seksje

Yn novimber 1942 begjint de 22 jierige Münchenerin Traudl Humps (nei har houlik yn 1943 Traudl Junge) yn it haadkertier „Wolfsschanze“ as siktaresse fan Adolf Hitler.

De Russen teagje yn april 1940 op de stêd Berlyn oan. Adolf Hitler is net fan doel om de stêd Berlyn te ferlitten en besiket fergees it Tredde Ryk te ferdigenjen tsjin de Russen, wylst it Reade Leger de stêd al omsingele hat. Nettsjinsteande de oermacht fan de Russen fjochtsje de Dútske soldaten en generaals troch en de measten fan har leauwe oan de Endsieg. Op 30 april 1945 dogge Hitler en Eva Braun harsels tekoart yn de bunker. Op 2 maaie 1945 jout generaal Helmuth Weidling de Dútske soldaten it befel om belies te jaan.

Akteurs bewurkje seksje

Referinsjes bewurkje seksje

  1. Untergang, Der (2004), in: IMDb – Earth’s Biggest Movie Database, imdb.com

Keppeling om utens bewurkje seksje