Disibod (619-700) wie in Ierske muonts dy't foar it earst yn in 9e-iuwske hilligebeskriuwing fan Hrabanus Maurus neamd wurdt. Hildegard fan Bingen skreau om 1170 hinne in vita fan Sint-Disibod.

Disibod
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Iersk
bertedatum 619
berteplak Ierlân
stjerdatum 8 july 700
stjerplak Disibodenberg (Rynlân-Palts)
hillichferklearring
patroan fan bisdommen Speyer en Trier

Neffens de beskriuwings fan Hildegard kaam Disibod mei syn gesellen Giswald, Klemens en Sallust yn it jier 640 nei it Frankyske Ryk.

Hja wiene aktyf yn de Fogezen en Ardinnen, oant Disibod in dream krige en fierder reizge en op it plak dêr't de rivieren de Nahe en de Glan gearrinne oan de foet fan de berch by in boarne hutten boude. Dêr brochten de muontsen it evangeelje ûnder de heidenske befolking. Dêrnjonken bouden de muontsen ek in doopkapel oan de noardeastlike foet fan de berch.

Disibod ferstoar op 8 july yn it jier 700 en waard yn syn sel begroeven. It grêf waard besocht troch in soad pylgers en yn 745 besocht ek Bonifatius syn grêf. Bonifatius liet syn bonkerak ûnder it alter fan de kleastertsjerke bysette, dat yn dy tiid neffens gebrûk delkaam op in offisjele hilligenferklearring.

Dy berch, dy't nei de hillige ferneamd waard, wie de lokaasje fan it lettere kleaster Disibodenberg.

De reformaasje waard yn 1559 yn Palts-Zweibrücken ynfierd en dêrmei kaam in ein oan de kleastermienskip. Sûnt binne de reliken fan Disibod ferdwûn. De gebouwen fan it kleaster bleaune lykwols noch stean oant de Frânske Revolúsje. De Frânsen, dy't yn dy tiid it gebiet lofts fan de Ryn besetten, ferkochten it as nasjonaal besit en brûkten de stiennen fan de gebouwen.

De bisdommen Trier en Speyer ferearje Disibod as ien fan harren patroanhilligen. Eartiids waard Disibod op 8 septimber betocht, tsjintwurdich is it 8 july.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: