Drachtster Kompenije

Drachtster Kompenije of De Kompenije is in doarp noardeast fan Drachten yn 'e gemeente Smellingerlân. Under it doarp falle ek de buorskippen Luchtenfjild, Puntpeal en in part fan De Skieding.

Drachtster Kompenije
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 1.615 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 9223
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 8′ NB, 6° 8′ EL
Offisjele webside
hiemside fan it doarp
Kaart
Drachtster Kompenije (Fryslân)
Drachtster Kompenije
Lizzing fan Drachtster Kompenije yn Fryslân
Kaart
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke
Himrik fan Drachtster Kompenije yn de gemeente Smellingerlân

Yn 'e Kompenije wenje 1.615 (1 jannewaris 2023)[2] minsken.

Skiednis bewurkje seksje

 
De NH-tsjerke yn 1966

Kompenije ferwiist nei de Keulske magnaten, dy't om 1570 it fean tusken De Like en Drachten kochten en dy "compagniesvenen" mei de Grinslânske famylje Ewsum as fennoaten oanmakken foar de turfwinning.[3] Yn de notariële oprjochtingsakte fan 1772 waard foar it earst skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. Oan de lange rjochte stikken lân, de wiken en de elzesingels falt de skiednis fan de ferfeanting noch ôf te lêzen. It graven fan turf barde tusken de 17e iuw oant midden 19e iuw. Dêrnei waard de grûn ta greidlân makke. Yn 'e earste helte fan de 19e iuw ûntstie stadichoan in buorren. Yn 1834 waard de earste iepenbiere skoalle boud, dy't yn 1898 ferfongen waard troch yn nijenien mei fjouwer lokalen. Yn 1850 krige de Nederlânsk-herfoarme gemeente in eigen tsjerke. Dy baarnde yn 1979 ôf, mar waard doe al net meer as tsjerke brûkt.

Yn 1900 krige it doarp in lyts partikulier molkfabrykje oan de Siktaris Eringawyk. Oan 'e noardlike kant fan de Marrewyk oan 'e Fallaetswei folge yn 1908 de bou fan in grutte molkfabryk, dy't yn 1915 it partikuliere molkfabrykje fan 'e Rottefalle oernaam. It molkfabryk hold it oant 1933 fol, doe't Burgum de produksje oernaam.[4]

Troch de De Kompenije lei sûnt 1913 de trambaan Drachten-Grins. Nei de Twadde Wrâldkriich namen bustsjinsten fan de NTM fan de tram it reizgersferfier oer, mar noch oant healwei de jierren 1980 bleau it 'Philipslyntsje' iepen foar frachtferfier.[5]

Op 8 septimber 1941 waard om 04:58 oere in Britske tastel troch de Oberstleutnant Helmut Lent delsketten, dat ûnderweis nei Berlyn wie om dêr in bombardemint út te fieren. It tastel stoartte del yn 'e Kompenije. Alle seis manlju fan it RAF-tastel kamen om en binne op it tsjerkhôf fan 'e Kompenije beïerdige.[6]

Sûnt healwei de jierren 1970 is it doarp oan wjerskanten fan 'e Tsjerkebuorren foars útwreide mei nijbou.

Mienskip bewurkje seksje

 
Multyfunksjoneel sintrum

It doarp hat sûnt 1933 in feriening foar Pleatslik Belang, dat de doarpskrante De Barte útjout. Oan de Smidswei waard yn 2022 by it sportpark it multyfunksjoneel sintrum It Trefpunt iepene, dêr't de skoalle, de sportaktiviteiten en it doarpshûs ûnderbrocht binne.[7]

Tsjerke bewurkje seksje

 
PKN-tsjerke

Skoalle bewurkje seksje

Ferieningen bewurkje seksje

De sportferienings binne ûnder de koepel Troch Freonskip Sterk ûnderbrocht. Der is ek in kommisje foar de Skoal- en Doarpsfeesten.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2012
Ynwenners 374 1240 1119 1044 968 971 1200 1172
Jier 2015 2020
Ynwenners 1137 1172

Berne bewurkje seksje

 
De Feart

Wapen en flagge bewurkje seksje

De noardeast/súdwest rinnende wiken fan De Kompenije wurde foarsteld troch de sulveren skeanbalke op in blauwe ûndergrûn. Op de skeanbalke steane trije reade turven as symboal fan de turfgraverij. Oan de Smidwei yn it doarp stiet in monumint mei trije turven. De turf dy't hjir stutsen waard wie de saneamde lange turf en wie brún fan kleur. Om't brún neffens wapensaakkundigen gjin winske kleur is en read dêr tichtby leit, hawwe de turven dy kleur krigen. Boppedat symbolisearret de reade kleur de heechfeanheide. De gearwurking yn it ferline as kompanjons om it heechfean ôf te graven en de lettere gearwurking fan boeren yn koöperaasjes (it koöperative molkfabryk dy't yn it doarp stie) wurdt sinnebyldich foarsteld troch it frijkertier fan read en goud, lofts skean dield troch in saneamde klaversneed. De klaver is yn 'e Fryske heraldyk it symboal foar greidebesit en de dêroan ferbûne feehâlderij. It goud/giel stelt de sângrûn foar en it read de heide, dy't no ferdwûn is. By spesifike doarpsaktiviteiten wurdt de Kompenijster flagge útstutsen.

Strjitten bewurkje seksje

 
Tsjerkebuorren 37 (eardere herfoarme pastorij

Alle strjitten yn Drachtster Kompenije.

Ferskaat bewurkje seksje

Publikaasje(s) bewurkje seksje

  • Ruurd Verbeek "Het Compagniester Verlaat" (2015)

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Dr. M. Hartgerink-Koomans: Het Geslacht Ewsum, Groningen 1938.
  4. Suvelfabriken yn Fryslân
  5. De Ferhalen fan Grins, oproppen 4 juny 2023
  6. aviation-safety.net, oproppen 3 juny 2023
  7. Doarpsside, 4 septimber 2022

 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren