Driezum

doarp yn Fryslân

Driezum is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Driezum leit noardlik fan De Westerein, eastlik fan Wâlterswâld, westlik fan Westergeast en besúdeasten Dokkum. Driezum hat 950 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Wâlterswâld leit rûn de Van Sytzamawei.

Driezum
Rinsmastate
Rinsmastate
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Sifers
Ynwennertal 950 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,49 km², wêrfan:
- lân: 8,22 km²
- wetter: 0,28 km²
Befolkingsticht. 113 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 17' N 6° 2' E
Doarpsgebiet Driezum (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Doarpsgebiet Driezum (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel
Offisjele webside
Webstee Fer. foar Doarpsbelangen Driezum
Kaart
Driezum (Fryslân)
Driezum

It buorskip Eastwâld heart ek by Driezum.

Skiednis bewurkje seksje

Driezum hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

Terp bewurkje seksje

It âldste part fan Driezum leit in lytse twa kilometer oan de noardkant fan Driezum, dêr't de Driezumer terp leit. De terp is yn de Twadde Wrâldoarloch ôfgroeven. Op de terp stie de Canterstate, dy't yn de 19e iuw ôfbrutsen is. De state waard foar it earst neamd yn it "Register van den Aanbreng" út 1511 en is ferneamd nei de grutgrûnbesitster Renscke Jacobs Canter. Dochter Anna Canter, de lettere eigenaresse, troude mei de skepen Jacob Adams, dy't yn it stedsbestjoer fan Ljouwert siet. Hy liet him ek Canter neame. De state bleau lang yn it besit fan de famylje. Om't der yn 1847 in te leech bod útbrocht waard op de state, besleat de eigener Petrus Jacobus van Knijff de state yn 1855 ôf te brekken. By graafwurk oan in sleat by de terp binne yn 1895 in soad Romeinske munten fûn.

It streekdoarp bewurkje seksje

It streekdoarp sels is yn de midsiuwen lâns in ûntginningsas de hjoeddeiske, Efterwei/fan Sytzamawei, fierder yn kultuer brocht. Heaks op de as waarden lange sletten groeven. Op it plak fan it earste houten tsjerkje ûntstie letter de earste buorren. Yn de Midsiuwen stienen der wol fiif stinzen: Canter State, Halbada State, Ophuystra State, Jarichsma State en Rinsma State. Fan Driezum rûn de Driezumer Feart nei de Driezumer Mar. Fan de mar rûn de Driezumer Ryd de Driezumer terp bylâns fierder nei it noarden, en kaam troch de Driezumer Syl út yn it Dokkumer Djip.

Agrarysk bewurkje seksje

Yn it agraryske doarp waard eartiids sûkerei, mar ek woartel ferboud. Driezum waard dêrom ek wol de Woartelstêd neamd.

Rinsmastate bewurkje seksje

Oan de eastkant fan Driezum leit it buorskip Eastwâld. Tusken Driezum en Eastwâld leit Rinsmastate, fan âlds in aadlike state dêr't oant 1931 de baronnen Van Sytsema wennen. Guon fan harren wiene boargemaster fan Dantumadiel. Douwe Jan Vincent van Sytzama is de bekendste fan dat aadlike skaai. Hy wie de earste boargemaster fan Dantumadiel, lid fan de Fryske Steaten en keamerhear fan Willem III. Yn 1942 waard Rinsmastate in hûs foar de âlderein, mar yn 1944 waard de state troch bommen rekke en it haadgebou baarnde út. De weropbou folge nei de oarloch yn deselde foarm, mar sûnder de eardere bepleistering. Ek it wetterskip hat letter noch in skoftke yn de state sitten. Fan 1971 oant 1999 wie de state it gemeentehûs fan Dantumadiel. Dêrnei kocht DSB-eigner Dirk Scheringa Rinsmastate, dy't de state yn âlde styl werom restaurearre. Ek de tún is doe wer neffens it âlde ûntwerp fan Lucas Pieters Roodbaard ynrjochte.[3] Nei it faillissemint fan Scheringa waard de state ferkocht oan in Rus.[4] Om Rinsmastate hinne leit in park, better bekend as de Driezumer bosk.
Efter Rinsmastate is yn 1972 it baggerdepot Petsleat/Swemmer oanlein. Dat baggerdepot is yn 1985 omfoarme ta rekreaasje- en natoerterrein "Rinsma pôlle".

Skoalhûs bewurkje seksje

 
Skoalhûs út 1787

Oan de Tsjerkestrjitte 2 stiet in skoalhûs út 1787. It gebou hat in sealdak tusken topgevels. Boppe de yngong is in klokgevel boud mei de stiftingsstien en it jiertal fan de bou. Yn de rjochter keamer sit in ienfâldige betimmering en in 18e-iuwske doar. It Skoalhûs is in ryksmonumint.[5]

Mienskip bewurkje seksje

Mei Wâlterswâld hat Driezum in doarpskrante.

Tsjerke bewurkje seksje

 
Herfoarme tsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Driezum).

De herfoarme tsjerke oan de Sytzamawei yn Driezum is de tsjerke fan de herfoarme PKN-gemeente.

Ferienings bewurkje seksje

Ien kear yn 't jier, sa ein augustus wurdt de Kennedymars fan Driezum nei Wâlterswâld organisearre. It giet der om, binnen 20 oeren 80 km. te rinnen. In oar evenemint is de hyndertriatlon Driezum-Wâlterswâld.

  • Fuotbalferiening VIOD
  • De Fleanende Pylken - darts
  • Onvoorspelbaar - biljerten
  • Utdagers - biljerten
  • Lyts Begjin - keatsen
  • Excelsior - muzyk
  • Jubilate deo - sjongen
  • De Wâldtsjers - folleybal
  • Fûgelwacht Driezum-Wâlterswâld
  • Redsum - gymnastyk
  • Ut 'e Sleur - feest
  • It Plûmke - badminton

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1850 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 450 1.004 1.057 944 873 861 1.000 970 935

Berne yn Driezum bewurkje seksje

Strjitten yn Driezum bewurkje seksje

 
T-splitsing Van Sytzamawei/Achterwei/H.G. van der Veenstrjitte
 
Achterwei
  • Brakkenspaad -
  • Achterwei -
  • Canterstrjitte - Canterstate
  • De Steech -
  • Driezumerterp - Driezumerterp
  • Eastwâld - Eastwâld
  • Foarwei -
  • Freulestrjitte - dizze ‘freule' wie de lêste telch fan de Van Sytzama's dy't Rinsmastate as bûtenferbliuw brûkte.
  • Headollewei -
  • H.G. van der Veenstrjitte - Fryske skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen
  • Kolkensloane -
  • Leiensingel - Dizze sydwei fan Eastwâld mei dan in eintsje fan de aadlike Rinsmastate ôflizze, it heart wol by it lângoed. It leantsje is grif oanlein om 1863 en waard ûnder mear brûkt om efter de state te kommne. De namme Leiensingel waard pas op 27 febrewaris 1990 troch de gemeenteried fêststeld en ferwiist nei it gebiet efter it park dat oantsjutten waard mei De Leien.
  • Master Hofstrastrjitte -
  • Nijewei -
  • Ophuystrawei - Ophuystra
  • Sape Meijerstrjitte - Sape Meijer
  • Singel -
  • Terpwei -
  • Trekwei - bylâns de Strobosser Trekfeart
  • Tsjerkestrjitte -
  • Van Zytsamawei - Douwe Jan Vincent van Sytzama
  • Wâlddyk -

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Driezum Nijs, 19 juny 2006
  4. Omrop Fryslân, 3 oktoer 2013
  5. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed

 
Dantumadiel
 
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
wizigje