De Dyk fan Offa (Ingelsk: Offa's Dyke) is een mânske ierden wâl tusken Ingelân en Wales dy't fan de mûning fan de rivier de Dee yn it noarden oant de rivier de Wye yn it suden (sa'n 240 km lang) rint. De dyk wurdt ûnderbrutsen op plakken dêr't al natuerlike barriêres binne, sadat de 'wiere' lingte mar 130 km. is. Op guon plakken is de dyk 20 m breed (mei de groppen dy't der lâns rinne) en 2,5 m heech.

It plak fan Offa's Dyke.
Stik fan Offa's Dyke.

De wâl wurdt taskreaun oan Offa, kening fan Mercia yn de 8e iuw. It is net witten oft kening Offa yndie ferantwurdlik wie foar it bouwen fan de dyk. Wichtige parten soenen al earder oanlein wêze.

De dyk kin boud wêze om Welske plondertochten te behinderjen, mar liket fral bedoeld as grins tusken Mercia en Powys.

De dyk foarmet ek no noch de grins tusken Ingelân en Wales. De grins in fan kultuerele wearde, in symboal fan de skieding tusken de lannen, te fergelykjen de symbolyk fan de Muorre fan Hadrianus tusken Ingelân en Skotlân.

Offa's Dyke Path is in kuierpaad dat de rûte fan de dyk folget, is opnomd yn de Britske National Trails.

Sjoch ek bewurkje seksje