Eachplakgroukopke

It eachplakgroukopke (Pyrgus armoricanus) is in flintersoarte yn it skaai fan de puzelgroukopkes (Pyrgus).

eachplakgroukopke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje groukopflinters (Hesperiidae)
skaai puzelgroukopkes (Pyrgus)
soarte
Pyrgus armoricanus
Oberthür, 1910
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

De flinter is 1 kear sjoen yn Nederlân. Hielendal wis is dy waarnimming net. De flinter hâldt fan waarme drûge hellingen mei koarte fegetaasje. Se komme net foar yn de Benelúks, wol lokaal yn it Ryndal en Moezeldal. It is in honkfêste soarte.

Fleantiid bewurkje seksje

De flinter fljocht fan midden maaie ôf oant ein juny en yn de hiele moanne augustus. Fljocht altyd yn twa generaasjes.

Flinter bewurkje seksje

It is lytseftige groukopflinter mei in wjuklingte fan likernôch 13 mm. De flinter hat wite plakken op de foarwjuk. De ûnderkant fan de efterwjuk is grieneftich of brúneftich.

Rûp bewurkje seksje

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp.

De rûp fret fan de ganzeriksoarten.

Sjoch ek bewurkje seksje