In eklips of "fertsjustering" is de bedekking fan in stjer troch in oar himellichem.

Eklips

Yn it deistich taalgebrûk wurdt ûnder in eklips meastentiids in sinne- of moannefertsjustering ferstien. As de Moanne, sinne en ierde folslein op ien line steane is de sinne (sjoen fan in plak ôf op ierde) troch de moanne bedekt en dus net mear te sjen. Oars sein: in diel fan de ierde is troch de moanne fertsjustere. Der is dan sprake fan in sinnefertsjustering of sinne-eklips - (letterlik is der lykwols sprake fan in ierdefertsjustering).

As de ierde tusken de sinne en de moanne yn stiet en dêrtroch it sinneljocht behinderet de moanne te berikken is der sprake fan in moannefertsjustering of moanne-eklips. Fan de moanne ôf sjoen bedekt de ierde ommers de sinne.

As in oar himellichem, lykas in stjer of planeet bedekt wurdt troch de moanne of in oar himellichem sprekt mei meastal oer in okkultaasje of "bedekking".

Keppeling om utens bewurkje seksje