Emporis Skyscraper Award

De Emporis Skyscraper Award is in priis dy’t sûnt 2000 elts jier útrikt wurdt oan de nije wolkekliuwer dy’t wat ûntwerp en funksjonaliteit oanbelanget de beste is. De priis wurdt útdield troch it Dútske bedriuw Emporis, dat gegevens byhâldt op it mêd fan heechbou.

Sûnt 2001 wurdt der njonken de gouden priis ek in sulveren en in brûzen priis útrikt.

Om nominearre te wurde foar de priis moat it gebou yn elts gefal 100 meter heech wêze, en it gebou moat yn it jier fan de útrikking oplevere wurde. De winner wurdt eltse jannewaris fan it neikommende jier bekend makke en inkele moannen letter wurdt de priis útrikt.

It is twa kear foarkaam dat in Nederlânsk gebou yn de top-3 kaam. Yn 2005 waard de Montevideo yn Rotterdam tredde, en yn 2007 krige Het Strijkijzer yn De Haach de gouden priis.

Oersjoch fan de winners bewurkje seksje

Jier Ofbyld winner Gouden priis Sulveren priis Brûnzen priis
2000     Sofitel New York Hotel, New York City - -
2001     One Wall Centre, Vancouver   Millennium Point, New York City   Plaza 66, Shanghai
2002   Kingdom Centre, Riyad   Post Tower, Bonn   111 Huntington Avenue, Boston
2003     30 St Mary Axe, Londen   Highcliff, Hong Kong   Chicago
2004     Taipei 101, Taipei   Torre Agbar, Barselona   World Tower, Sydney
2005     Turning Torso, Malmö   Q1, Gold Coast   Montevideo, Rotterdam
2006     Hearst Tower, New York City   The Wave, Gold Coast   Eureka Tower, Melbourne
2007     Het Strijkijzer, De Haach   Newton Suites, Singapore   Ontario Tower, London
2008     Mode Gakuen Cocoon Tower, Tokio   Boutique Monaco, Seoul   Shanghai World Financial Center, Shanghai
2009     Aqua, Chicago   O-14, Dûbai   The Met, Bangkok
2010     Hotel Porta Fira, Barselona   Burj Khalifa, Dûbai   Tour CMA CGM, Marseille
2011     Eight Spruce Street, New York City   Al Hamra Tower, Koeweit   Etihad Towers, Feriene Arabyske Emiraten

Keppeling om utens bewurkje seksje