Enter (Nedersaksysk: Eanter) is in doarp yn de gemeente Wierden. yn de Nederlânske provinsje Oerisel, It doarp Enter hat 7.380 ynwenners (2023).

Enter
Katolike tsjerke (2014)
Katolike tsjerke (2014)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Wierden
Sifers
Ynwennertal 7.380 (2023) [1]
Oerflak 27,29 km²
dêrfan lân: 27,06 km²
dêrfan wetter: 0,23 km²
Befolkingsticht. 270 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren A1, N347
Postkoade 7468
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 17' NB, 6° 34' EL
Kaart
Enter (Oerisel)
Enter

Skiednis bewurkje seksje

De beskreaune skiednis fan Enter giet werom oant yn de tolfde iuw, doe 't de namme Enter foar it earst yn de skriften foarkaam. Yn de midsiuwen bestie der in adellik geslacht Van Enthere. De lêste bekende telgen fan dit geslacht wiene Hermannus en Theodoricus fan Enthere, neamd yn in akte út 1308. De Van Entheres wiene wierskynlik lienmannen fan it kastiel fan Almelo. In lienregister fan de biskop fan Utert út 1382 praat oer in mooglik wenplak: de pleats it "Hermannishûs". Neitiid ferdwynt it geslacht Van Enthere út de skriften. It is lykwols tige oannimlik dat it dizze hearen wiene dy't de oarspronklike "H. Antonius Abt" stichte hawwe. In folle lettere ferzje hjirfan, út 1927, is noch hieltyd yn Enter te finen.

Oant 1811 foel Enter ûnder it doelfêste Kedingen en wie it ien fan de saneamde Rijssense kwartieren. Oare Rijssense kertieren wiene Hoge Hexel, Wierden, Rijssen, IJpelo, Rectum, Elsen, Notter en Zuna. Mei tank oan hannel en skipfeart groeide Enter út ta it grutste plak yn Kedingerland. It doel Kedingen wie ûnderdiel fan it Oversticht, in gebiet yn hannen fan de biskop fan Utert. Tusken 1811 en 1818 hearde Enter by de doe oprjochte gemeente Rijssen. Fan 1818 ôf makke Enter diel fan de gemeente Wierden en waard it kwa grutte ynhelle troch Wierden en Rijssen, dêr't de yndustrialisaasje yn de foarm fan fabriken in grutte befolkingsgroei brocht. Oant 1935 hie Enter in eigen treinstasjon oan it spoar fan Neede nei Hellendoorn.

Ferkear en ferfier bewurkje seksje

Enter leit oan de A1 (Amsterdam - De Lutte) en oan de N347 (Rijssen - Goor).

Kultuer en Toerisme bewurkje seksje

Yn Enter is in Klomps - en Zompenmuseum en it pleatske fan Buisjan. Yn dat histoaryske boerehúske sitte in Aldheidskeamer mei ferskate eksposysjes. Flak by Museum Buisjan sit in oare bekende toeristyske attraksje: de grutste út ien stik hout makke klomp fan 'e wrâld.Simmerdeis wurdt der in pony- en hynstemerk holden. It ferline libbet by de jierlikse guozzemerk, de demonstraasjes klompmeitsjen en op de yn 2009 boude "Enterse waarf", in replika fan in histoaryske skipswerf dêr't ek in neiboude Enterske zomp te sjen falt. Op de "Waarf" is der in permaninte eksposysje mei as tema "Wetter yn Twinte". Ek binne fan hjir ôf rûnfearten te krijen mei in zomp oer de Regge.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Wierden
 
Doarp:
EnterWierden
Buorskippen:
EnterbroekHoge HexelHuurneDe KolonieHet LooNotterRectumIJpeloZuna
Wetter:
ReggeTwickelervaartEntergraven
wizigje