Erkinoald (sa. 580 - 658) folge Aegas yn 641 op as hofmeier fan Neustrje en yn 642 Flaochad, hofmeier fan Boergonje. Hy stoar yn 658 en waard opfolge troch Ebroin.

Skiednis bewurkje seksje

Oer de begjinjierren fan Erkinoald is net folle bekend. Allinne in relaasje mei Berthetrude, de mem fan de Merovingyske kening Dagobert I, en dat er oer rike lannen beskikte ten easten fan de Seine kinne as wis beskôge wurde.

Yn 641 beneamt Nanthild, de widdo fan Dagobert him as opfolger fan Aegas yn it amt fan hofmeier fan it keninkryk Neusterje. Yn dy funksje late hy dat ryk gruttendiels foar kening Klovis II en syn frou Baldechildis, dy't foar har houlik mei Klovis as slavin oan it hof fan Erkinoald libbe hie. Yn 642 slút er mei de Boergondyske hofmeier Flaochad in alliânsje dêr't sy elkoar yn harren amt befêstigje. Letter, nei de dea fan Flachoads yn 658, waard er ek syn opfolger yn Boergonje. Noch yn itselde jier luts er troepen gear tsjin de ealman Willibad. Dat foarfal is de lêste fermelding oer him yn de kronyk fan de saneamde Fredegar. Oant syn dea yn 658 is fierder neat mear fan him bekend, útsein dat er yn it amt as hofmeier fan Neusterje opfolge waard troch Ebroin.

Famylje bewurkje seksje

Erkinoald wie troud mei Leutsinde, in besibbe fan Dagobert I, waans heit Liuterik hofmeier fan Theuderik III wie. Mei haar hie hy twa bern. Sun soan Leudesius waard yn 675 sels hofmeier, en syn dochter Emma troude mei de kening fan Kent Eadbald.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fredegar, De Kroniken fan Fredegar, midsiuwsk manuskript