Eunius Mummolus († 586) wie yn de twadde helte fan de 6e iuw in súksesfolle Frankyske generaal, dy't de Longobarden fersloech. Hy droech de titel fan patricius.

Skiednis bewurkje seksje

Hy wie soan fan in Gallo-Romeinske grutgrûnbesitter út Auxerre. Yn 568 die er fan him sprekke doe't kloften Longobarden, dy't krekt dêrfoar Itaalje ynfallen wienen, de Alpen oerstutsen en yn Súdeast-Galje de gebieten fan de Frankyske kening Guntramnus oanfoelen. Eunius Mummolus makke fuortendaliks in ein oan de segetocht fan de Longobarden troch dy te oerwinnen.

Yn in oare grutte oanfal fan de Longobarden yn 574, dy't doe op 'e nij Súd-Galje ynfoelen, spile hy ek in wichtige rol. Wer slagge it him om harren te ferslaan en út Galje te ferdriuwen.

Sûnt 581 waard hy tsjinstanner fan de kening en operearre tige ûnôfhinklik fanút syn bastion yn Avignon.

Literatuer bewurkje seksje

  • Edward James, De Franken, Baarn, 1990, siden 108-109.