Eva Wiessing (Amsterdam, 7 maart 1964) is in Nederlânsk sjoernaliste en ferslachjouster. Hja wurket op ekonomyredaksje by de NOS en draacht as korrespondinte geregeldwei by oan it NOS Journaal.

Eva Wiessing
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Eva Wiessing yn 2019
Eva Wiessing yn 2019
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eva Wiessing
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 maart 1964
berteplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
Joadsk
wurkpaad
wurksum as ferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by Wrâldomrop, NOS
bekend fan NOS Journaal
jierren aktyf ±1988 – no
offisjele webside
Eva Wiessing op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Wiessing waard yn 1964 berne yn Amsterdam as telch út in Joadske famylje.[1] Se studearre Spaansk, sjoernalistyk en kommunikaasjewittenskippen oan 'e Universiteit fan Amsterdam, en behelle dêr twa doktorandustitels, ien yn Spaanske taal- en letterkunde, en ien yn skiednis fan 'e parse, progaganda en iepenbiere miening.

Neitiid wie Wiessing koarte tiid wurksum as freelance-korrespondinte foar de Wrâldomrop. Yn 1990, twa moannen nei de fal fan 'e Berlynske Muorre, fûn se in fêste baan by de nijstsjinst fan 'e NOS. Yn 't earstoan wie se dêrby wurksum op 'e bûtenlânredaksje, wêrby't se har talei op 'e politike feroarings yn 'e Eastbloklannen, de desyntegraasje fan 'e Sovjet-Uny en de oarloggen yn it eardere Joegoslaavje en Irak.

Teffens fersloech Wiessing yn dy snuorje de presidintsferkiezings yn 'e Feriene Steaten en yn Frankryk, en de fleanramp yn it Portegeeske Faro, yn 1992, dêr't in protte Nederlânske toeristen by omkamen. Neitiid waard Wiessing oerpleatst nei de binnenlânredaksje, dêr't hja nei eigen sizzen ûnderfining opdie mei "it echte sjoernalistike hânwurk". Sûnt 2001 wurket Wiessing op 'e ekonomyredaksje, en is hja yn it NOS Journaal it fêste gesicht wurden by ferslaggen oer de finansjele sektor en de bankekrisis.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lexicon Joods Nederland, W