Evan Rachel Wood (Raleigh (Noard-Karolina), 7 septimber 1987) is in Amerikaanske aktrise. Sy waard op it Filmfestival fan Cannes 2007 útroppen ta frouljus-iepenbiering fan it jier. Earder waard sy nominearre foar ûnder oaren in Golden Globe en in Satellite Award foar har haadrol yn Thirteen.

Evan Rachel Wood
Wood op it Tribeca Film Festival, april 2009

Biografy bewurkje seksje

Wood is de dochter fan akteur Ira David Wood III (1947) en aktrise Sara Lynn Moore (1958).

Wood krige op har tsiende foar it earst in haadrol, yn Digging to China. Dat jier spile hja ek in lytse rol yn Practical Magic, mei Sandra Bullock en Nicole Kidman.

Yn Once and Again wie hja fan 1999 oant 2002 ien fan de mear prominint persoanaazjes. Wood wie yn 2010 fersein oan sjonger Marilyn Manson.

Thirteen bewurkje seksje

Wood hie 2003 de hadrol yn de film Thirteen, wat har ûnder mear in beneaming foar in Golden Globe oplevere. Wood spilet in trochsneed tsienerfamke dat troch in foute freondinne yn de wrâld fan drugs, seks en dieverij te lâne komt.

Wood hie yn 2004 de haadrol yn de bioskoopfilms Raise Your Voice en Mean Girls. Op it lêste stuit waard hja ferfongen troch Hilary Duff en Lindsay Lohan. Fan 2005 ôf ferskynde hja in films dy't safolle omtinken net lutsen. Har grutte trochbrekken kaam yn 2010 mei har rol yn de populêre hitrige True Blood.

Filmografy (karút) bewurkje seksje

  • 1998: Digging to China
  • 1998: Practical Magic
  • 1999: Once and Again
  • 1999: Detour
  • 2001: Little Secrets
  • 2002: S1m0ne
  • 2003: Thirtee)
  • 2003: CSI: (ôfl. 3.12)
  • 2003: The Missing
  • 2005: Pretty Persuasion
  • 2005: The Upside of Anger
  • 2005: Down in the Valley
  • 2006: Running With Scissors
  • 2007: King of California
  • 2007: The Life Before Her Eyes
  • 2007: Terra
  • 2007: Across the Universe
  • 2008: The Wrestler
  • 2009: Whatever Works
  • sûnt 2009: True Blood (tv-rige)
  • 2010: The Conspirator
  • 2010: Mildred Pierce (minyrige)
  • 2011: The Ides of March
  • 2013: The Necessary Death of Charlie Countryman - Gabriela 'Gabi' Ibanescu
  • 2013: A Case of You - Birdie
  • 2014: Barefoot - Daisy Kensington
  • 2015: Into the Forest - Eva
  • 2015: Strange Magic - Marianne (stim)
  • 2016: Westworld - Dolores Abernathy (telefyzjerige)
  • 2017: Allure - Laura Drake
  • 2017: Be Natural: The Untold Story of Alice Guy-Blaché - as harsels (dokumintêre)
  • 2018: Viena and the Fantomes

Keppeling om utens bewurkje seksje