Eysingastate (Oentsjerk)

Eysingastate stie noardeast fan Oentsjerk, gemeente Tytsjerksteradiel. Der is neat mear fan werom te finen.

Eysingastate (1723)

Op it stee stie eartiids in stins dy't al yn 1412 neamd wurdt. Op de Eysingastins wenne yn 1412 Gercke Eysinga, dy't (letter) troud wie mei Jeij Tjaerda, berne op Tjaardastate yn Rinsumageast. Gerke wie sels berne op de Eysingastins yn De Geast as soan fan Feye Eysinga en Etcke Bornhuistra. Hy troude dus mei syn ‘buorfamke’. Fan Gercke wurdt fermelde, dat hy yn 1452 Eysingastate sette liet. It kin wêze dat hy dêrfoar de stins ôfbrekke liet, mar it leit mear yn de reden, dat hy de stins útwreidzje liet ta in gruttere wenning mei mear komfort. Harren ienige bern, dochter Hack (* 1445), trouwe mei Aede Jonghama, soan fan Keimpe Jonghama fan Raerd. Om de famyljenamme Eysinga te behâlden, nom hy de namme fan syn frou/skoanheit oan en neamde him tenei Aede Eysinga. Koart nei it houlik stoar hy lykwols sûnder bern. Hack wertroude yn Rinsumageast mei Tzalingh Eyntes Bolta út Ferwert. Ek Tjalling nom de famyljenamme Eysinga oan. Se krigen 4 bern: Aede, Eelck, Graets en Fije. Hack erfde de stins/state fan har heit, mar sette har dêr earst yn 1511 nei wenjen.

De âldste soan Aede waard de folgjende eigner fan de Eysingastins. Hy troude mei Tsied Ritskesdochter fan Juckema. Se krigen 4 soannen, Ritske, Frans, Jelte en Juw, dy't foaroan stienen yn de striid tsjin Spanje. Jelte sneuvele by de belegering fan Maastricht en syn bruorren lieten in grêfstien foar him meitsje. Ritske erfde as âldste soan de Eysingastate. Troch harren striid tsjin Spanje moast hy lykwols mei syn bruorren foar de wraak fan de Hartoch fan Alva it lân út flechte. Ritske stoar yn East-Fryslân yn 1578, krekt foardat it yn Fryslân wer feilich waard om der in oare miening op nei te hâlden as dy fan de Spaanske Ynkwisysje. Yn datselde jier komt syn broer Frans fan Eysinga, oan wa't hy de state neilitten hie, dan ek werom yn Oenstjerk.

Op it plak fan de state waard nei 1759 in grutte pleats boud, wêrop de douairiêre Van Hettinga - baronesse Van Heemstra yn 1782 stoar. Dizze pleeats waard al yn it earste kwart fan de 19e iuw ôfbrutsen en der kaam yn lytsere foar yn it plak. Dy lytsere pleats is yn 1974 ferboud ta wenbuorkerij. Hy stiet deun oan de wei fan Swarteweisein nei Dokkum.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1412 Gercke Eysinga
  • 1511 Hack Eysinga, troud (2) mei Tzalingh Eyntes Bolta
  • ± 1520 Aede fan Eysinga
  • ± 1560 Ritske fan Eysinga
  • 1578 Frans fan Eysinga
  • ± 1590 Aede fan Eysinga
  • ± 1622 - 1661 Frans fan Eysinga
  • 1661 Lisck fan Eysinga, troud mei Sippe Meckema fan Aylva
  • - 1688 Douwe Ernst Meckema fan Aylva
  • begjin 18e iuw Willem Hendrik baron fan Heemstra
  • Wiltiana Isabella barones fan Heemstra en Antony fan Hettinga (hierder)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer States en stinzen
  • Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992
  • R. Visser - De adel in de Trynwâlden, 1975