Vasto

(Trochferwiisd fan Fasto)

Vasto is in stêd yn de Italjaanske regio Abruzzen yn de provinsje Chieti. It stedssintrum leit op in plato boppe de Adriatyske kust. Marina di Vasto, mei in haven en brede sânstrannen heart ek by de gemeente.

Vasto
Polityk
Lân Itaalje
Regio Abruzzen
Provinsje Chieti
Sifers
Ynwennertal 40.381 (2010)
Oerflak 70,65 km²
Befolkingsticht. 577 / km²
Hichte 148 m
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Offisjele webside
Webside gemeente Vasto

Neffens de leginde is de stêd stifte troch in stam út Dalmatië, de earste namme wie Histon. De Romeinen neamden de stêd Histonium, dat in wichtich plak waard. Ut dy tiid binne ek de oerbliuwsels fan it amfiteater en de thermen dy't by de stêd lizze. Nei de delfal fan it Romeinske Ryk waard Vasto ferwoastge troch barbaarske folken. Yn de midsiuwen rekke Vasto yn hannen fan de D'Avalos dy't dêr it ûnbidige Palazzo D'Avalos bouden. Yn dat gebou sitte tsjintwurdich in tal museums, ûnder oaren it Museo Archeologico.

Benoarden Vasto leit Punta Penne, it meast rûge stik fan de Abruzzeeske kust, in beskerme natuergebiet. Tichteby de kaap stiet de lytse tsjerke Madonna di Punta Penne (1887).

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Castello Caldora
  • Archeologyske sône
  • De katedraal San Giuseppe út 1293 (op 'en nij boud 1890)
  • Tsjerke Santa Maria Magiore (11e iuw)

Ofbylden bewurkje seksje

Berne yn Vasto bewurkje seksje

 
Rossetti
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Vasto