Feilichheidsregio Fryslân

De Feilichheidsregio Fryslân falt geografysk gear mei de provinsje Fryslân. In feilichheidsregio is in gearwurkingsferbân fan de helpferlieningstsjinsten op basis fan de Wet Mienskiplike Regelingen en de konseptwet Feilichheidsregio's, foar fysike feilichheid.

Regio Fryslân (status per 2009) yndieling fan gemeenten en ympresje fan it lânskip
Regio Fryslân (status per 2009) yndieling fan gemeenten en ympresje fan it lânskip

Regioprofyl bewurkje seksje

  • Ynwenners: 643.000 (2006)
  • Lânoerflak: 3.349 km2 (plus 2.392 km2 wetteroerflak)
  • In grut stik fan it lân leit krekt ûnder de seespegel (sjoch de kaart: de blauwige gloede op it lân). De regio hat in kompleks systeem oan marren, kanalen en diken.
  • It grutste diel van de Waadsee falt ûnder de regio Fryslân. Ta de regio hearre de bewenne eilannen Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach.
  • Gemeente Skiermûntseach is wat ynwennertal oangiet de lytste gemeente fan Nederlân (minder as 800 ynwenners).

Risiko's bewurkje seksje

Terrein bewurkje seksje

  • BRZO ("Bedriuw mei Risiko op Swiere Ungefallen") risikolokaasjes: inkele lokaasjes by It Hearrenfean en Drachten (sjoch kaart).
  • Enerzjytransport: 400MVA skeakelstasjon by Burgum.
  • Fryslân hat in soad marren en kanalen, wylst in soad lân krekt ûnder de seespegel leit. Eksessyf himelwetter kin foar wetteroerlest soargje.
  • De diskusje oer gaswinning yn de Waadsee troch de NAM duorret noch.

Ynfrastruktueur bewurkje seksje

  • Ferfier fan gefaarlike stoffen oer de snelwegen fan en nei yndustrygebiet Eemsmond yn Grinslân en/of Dútslân.
  • De Ofslútdyk kin by ûnlijich waar gefaar opleverje foar it ferkear.
  • Der is in lyts regionaal fleanfjild ten noardwesten fan Ljouwert.

Sosjaal-fysyk bewurkje seksje

  • Waadrinnen rjochting Skiermûntseach fereasket deskundige begelieding.
  • Gjin grutte attraksjeparken yn dizze regio; wol in soad syltoerisme.
  • Oerol Festival op Skylge simmerdeis kin by waarmte en grutte drokte gefaar opleverje foar de iepenbiere oarder en feilichheid.

Partners yn feilichheid bewurkje seksje

  • GHOR/GGD
    • GHOR Regio Fryslân: Harnzertrekwei 58, Ljouwert. Direkteur GHOR (RGF): Mw. K.A. Dubbelman.
  • Drinkwetterbedriuw
    • Drinkwetterbedriuw foar de hiele regio: Vitens.
  • Definsje
    • Oefenterrein op West-Flylân; militêr fleanfjild ten nosrdwesten fan Ljouwert.
    • De regio falt ûnder RMC Noard, Van Helomawei 49, Darp. Offisier Feilichheidsregio: majoar R. Hottinga.

Regio-ûntwikkeling bewurkje seksje

It Feilichheidsbestjoer en it Regionaal Kolleezje hawwe in mienskiplike bestjoerskommisje. Formeel besjoen bestiet de feilichheidsregio út in konvenant tusken de Helpferlieningstsjinst Fryslân en de Regioplysje Fryslân. It konvenant stimt de beslútfoarming oer feilichheid, rampebehearsking en iepenbiere sûnens op elkoar ôf. De tsjinsten oerlizze bestjoerlik mienskiplik yn in bestjoerskommisje.

Boarnen bewurkje seksje

  1. Startside Feilichheidsregio Fryslân
  2. Tabel fan Nederlânske gemeenten
  3. List fan Nederlânske sikehuzen
  4. Ministearje fan BZK
  5. Provinsjale risikokaarten