Fersetsmonumint Wolvegea

It fersetsmonumint yn Wolvegea is in monumint ta oantins fan it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch.[1]

Fersetsmonumint Wolvegea

Skiednis bewurkje seksje

De Utertske byldhouwer Jan van Luijn krige yn 1947 fia arsjitekt D. Witteveen it fersyk in befrijingsmonumint foar Wolvegea te meitsjen. Neffens syn biografy neamde er it Eenheid tussen man en vrouw in de oorlogsjaren.[2] Van Luijn makke ek fersetsmonuminten foar Appelskea en Ferwert.

It monumint waard op 3 maaie 1952 yn de tún fan it Hûs Lindenoard ûntbleate.

Beskriuwing bewurkje seksje

De ûnûnderbrutsen bân yn de sokkel stiet symboal foar de ûnderdrukking yn de oarlochsjierren. Dêrboppe steane in man en in frou dy't de touwen om harren earms loslûke en elts mei in foet op in deltwongen draak stean.

Yn de sokkel is in tekst fan J.K. Dijkstra oanbrocht:

MAN EN VROUW
IN BANGE TIJD
EEN IN LIJDEN.
EEN IN STRIJD.
1940 - 1945

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beskriuwing by Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie.
  2. Aarnhem, P. van (1995) Jan van Luijn : Beeldhouwer. Utert: Stichting Patina. ISBN 9090086137