In fete is djippe fijanlike ferhâlding tusken twa famyljes, klans, groepearrings, of tusken yndividuen, dy't hieltyd wer útbarst yn gewelddiedige konfrontaasjes. In fete giet faak meardere generaasjes lang troch, en faaks wit gjinien mear wêrtroch't it konflikt ûntstien is.

In tradisjonele maatskippijen dêr't saken as ear, famyljebannen, grutskens en mienskipssin tige wichtich binne kin in konflikt tusken persoanen útwaakse ta in konflikt tusken famyljes of kloften minsken en bytiden hiele stammen. As oarsaak fan it konflikt kin soms in foarfal lizze as bygelyks in mislediging of ûnrjocht dat troch in lid fan ien famylje in lid fan in oare famylje oandien is. De famylje-ear is yn geding en famyljes fiele harren ferplichte om de mislediging of it ûnrjocht dat de famylje oandien is te wreken. Troch de fete is it mooglik dat bloedwraak ûntstiet dy't generaasjes lang yn stân bliuwe kin. Fetes komme benammen foar yn maatskippijen dêr't in sterk sintraal gesach ûntbrekt dat fia de rjochtspraak in ein meitsje kin oan it konflikt. Yn Fryslân wie sprake fan sa'n maatskippij yn it tiidrek fan de Fryske Frijheid. Oan it bewâld fan de greven wie doe nammentlik in ein komd en haadlingefamyljes hienen it dêr foar it sizzen.