It Fichtelgebergte (Dútsk: Fichtelgebirge, Tsjechysk: Smrčiny) is in middelberchtme yn it noardeasten fan de Dútske dielsteat Beieren; foar in lyts part leit it ek yn noardwest-Tsjechje. It heechste puntste is de Schneeberg mei 1053 m.. Naturpark Fichtelgebirge, in natuergebiet fan 1020 km², leit yn dit berchtme.

Plak fan it Fichtelberchtme
Granytrotsen in it Fichtelberchtme (de Rudolfstein ûnder Weißenstadt)

It Fichelberchtme is in wichtige wetterskieding: by de Schneeberg ûntspringe de Wite Main en de Eger; de earste mûnet út yn de Ryn, de twadde yn de Elbe. Op oare plakken yn it berchtme lizze de boarnen fan de Saksyske Saale en de Haidenaab; sy wetterje efterelkoar ôf op de Elbe en de Donau.

It meast foarkommend stientme is granyt. Der sitte ek in protte ertsen: fral tin en ijzer, mar ek goud en sulver.

De lânsdouwe is ferneamd om syn porsleinyndustry. Dat jildt benammen foar it stedsje Selb, dêr't sûnt 1857 porsleinguod makke wurdt en dat yn 1900 tweintich porsleinfabriken hie.

Rivierboarnen yn It Fichtelberchtme bewurkje seksje