Fokker S.IV


Rol Lesfleanmasine
Makker Fokker
Earste flecht 1924
Tal makke 31
Brûkers Loftfeart Ofdieling (Nederlân)

De Fokker S.IV wie in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. Dizze dûbeldekker wie yn 't earstoan útrist mei in 125 hk Le Rhone Oberursel rotaasjemotor. Learling en ynstrukteur sieten efterelkoar yn dit tastel.

Yn 1924 bestelde de Loftfeart Ofdieling (LuVA) 30 eksimplaren fan dit tastel. Fan doe ôf hat it, oant 1940, tsjinst dien as standert lesfleanmasine.[1] Begjin jierren 30 waard de S.IV fan de mear krêftige Armstrong Siddely 'Mongoose' stjermotor fan 130 hk. foarsjoen.[2]

Nei de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940 wykte in oantal S.IV- en S.IX-tastellen út nei Frankryk.[3] It is net bekend wat der neitiid mei dizze tastellen bard is.

Feiten bewurkje seksje

  • Bemanning: 2
  • Lingte: 8,5 m.
  • Spanwiidte: 11 m.
  • Gewicht: 1020 kg
  • Motor: Armstrong Siddely Mongoose stjermotor, 130 hk
  • Topfaasje: 150 km/o

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hooftman, Hugo - Fokker, Neerlands grootste vliegtuigbouwer, Arti Alkmaar
  2. Wikipedia nl: jout 150 pk, Wikipedia en: 110 hp en Jane's Encyclopedia of Aviation 1980, hâldt it op 130 hp.
  3. Fokker S.IV op www.lva-40.nl Rieplachte 30 jannewaris 2010