Fokker T.V

Fokker T.V

Makker Fokker
Earste flecht 16 oktober 1937
Yn tsjinst/út tsjinst 1938/1940
Tal makke 19
Brûkers LuVA

De Fokker T.V wie in twamotorige jachtkruser-bommesmiter fan Fokker. It wie doe in frij modern tastel dat brûkt waard troch de Nederlânske Loftfeart Ofdieling (LuVA). Yn 1935 wie it ûntwurpen as jachtkruser, om grutte gebieten langere tiid te beweitsjen, mar yn de maaiedagen fan 1940, doe't it idee fan jachtkruser al ferâldere wie, waard er as bommesmiter ynset.

Sechtsjin T.V's foarmen fan 1938 ôf ien squadron by de LuVA.

Technyske feiten bewurkje seksje

Model: T-V (T 5).
Bouwer: Fleanmasinefabryk Fokker, Amsterdam.
Taak: Jachtkruser/bommesmiter.
Bemanning: 5 (kommandant-bommerjochter-observator, fleander, 2e fleander, radioman-skutter, boardskutter).
Ofmjittings
Spanwiidte: 21 meter.
Fleugeloerflak: 66,2 kante meter.
Lingte: 16 meter.
Hichte: 5 meter.
Gewichten
Leechgewicht: 4650 kg.
Maks.gewicht: 7250 kg.
Prestaasjes
Maks. faasje: 417 km/o.
Krúsfaasje: 350 km/o.
Tsjinstplafond: 7700 m.
Fleanberik: 1550 km.
Motors: 2 Bristol Pegasus XXVI, fan 925 hk it stik
Bewapening: 1 Solothurn S-18/100 heal-automatysk (!) fluchfjoerkanon 20 mm yn 'e noaskoepel. 5 mitrailleurs 7,9 mm: op 'e rêch, yn sturtkoepel, beide sydkanten en ûnder de romp. 1000 kg bommen.

Te ferlykjen ûntwerpen bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje