Folkwalda ek wol Folckwalda (betsjut leger-oanfierder), wie de heit fan de legindaryske Fryske kening Finn, dy't yn de Widsith, in âld Ingelsk gedicht, soan fan Folckwalda neamd wurdt. Syn soan wurdt yn ferskate boarnen neamd as kening fan de Friezen, sadwaande komt er sels ek foar dizze titel yn de beneaming. Syn mooglik bewâld moat west hawwe yn de 4e iuw, foar it Grutte Folkeferfarren. De histoaryske Folkwalda moat yn alle gefallen in wichtich Frysk persoan west hawwe. Oer syn libben is fierders neat bekend.

Folkwalda
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Frysk
bertedatum ?
stjerdatum ?
Kening fan de Friezen
regear 4e iuw?
foargonger ûnbekend
opfolger Finn

Boarne bewurkje seksje