François Bourgeon

François Bourgeon, (Parys 5 july 1945) is in Frânske skriuwer en makker fan tekenteltsjes.

François Bourgeon, 2014

Biografy bewurkje seksje

Bourgeon trochrûn de keunstakadeemje wêrnei't hy as master-glêskeunstner oan it wurk gie. Syn ûnderfinings op dat mêd hawwe letter syn tekentechnyk bot beynfloede, benammen as er yn kleur wurket.

Yn it wykblêd Lisette ferskynden syn earste tekenings en ek syn earste stripferhaal fan 14 platen, "L'ennemi vient de la mer". Dêrnei kaam er yn tsjinst by Fleurus, dêr't hy in tal koarte ferhalen makke foar it wykblêd Fripounet en yn Djin syn earste wiere personaazjes skoep, Beatrijs en Coen, op senario's fan Robert Génin.

Bourgeon tekene dêrneist foar Hachette en bewurke twa ferhalen fan Jules Verne ("Le Serpent de mer" en "Le Secret de Wilhelm Storitz") foar it wykblêd Pif en makke in "midsiuwsk" album fan 30 platen (Maître Guillaume et le journal des bâtisseurs de cathédrales, 1978).

Yn 1979 set er yn it blêd Circus útein mei syn earste (takomstige) bestseller: "Les Passagers du vent". Op it festival fan Angoulême fan 1980 waard hy foar it earste diel ("La fille sous la dunette") útroppen as bêste tekener fan dat jier. Fan it twadde diel ôf set de ferkeap fan syn wurk goed yn en stoppe hy my it tekenjen fan Coen en Beatrijs .

Fan dat stuit ôf makket Bourgeon ferhalen foar folwoeksenen en lit er him û.o. ynspirearje troch it tiidrek fan de Midsiuwen. Hy begjint oan syn earste diel foar in nije saga, Les Compagnons du crépusculeenen ('It Selskip fan de skimer'), dy't yn it tydskrift Hachette ferskynd is en dat nei in oantal nûmers al wer opdoekt waard. Letter nimt útjouwerij Casterman de rige oer en ferskynden de ferhalen yn it moanneblêd A SUIVRE.

De rige It selskip fan de skimer waard yn 1994 troch Casterman werprinte. Underwilens wie Bourgeon al begûn mei in nije rige, de frij orizjinele space opera, "Le Cycle de Cyann", op in senario fan Claude Lacroix. It earste part dêrfan ferskynde yn 1994 en wurdt no al sjoen as in klassiker.

Wurken bewurkje seksje

It wurk fan Bourgeon falt op troch in eigen tige krekte en oarspronklike styl fan tekenjen, mei in protte omtinken oan details. Hy giet dêryn safier dat er jierren útlûke kin foar it meitsjen fan ien diel en is sa perfeksjonistysk dat er sels makettes bout foar de wichtichste dekors fan syn ferhalen.

Les Passagers du vent (Reizgers fan de Wyn) bewurkje seksje

  • 1. La fille sous la dunette (1980)
  • 2. Le ponton (1980)
  • 3. Le comptoir de Juda (1981)
  • 4. L'heure du serpent (1982)
  • 5. Le bois d'ébène (1984)
  • 6. La Petite Fille Bois-Caïman - Part 1 (2009)
  • 7. La Petite Fille Bois-Caïman - Part 2 (2009))

Les Compagnons du crépuscule (It Selskip fan de skimer) bewurkje seksje

  • 1. Le sortilège du bois des brumes (1983)
  • 2. Les yeux d'étain de la ville glauque (1986)
  • 3. Le dernier chant des Malaterre (1990)

Le Cycle de Cyann (De syklus fan Cyann) bewurkje seksje

(mei Claude Lacroix)

  • 1. La sOurce et la sOnde (1993)
  • 2. Six saisons sur ilO (1997)
  • 3. Aïeïa d'Aldaal (2005)
  • 4. Les couleurs de Marcade (2007)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • ZozoLala, strip- en ynformaasjeblêd, nûmer 28, july-augustus 1986

Keppeling om utens: