Freddie Oversteegen

Freddie Oversteegen (Schoten, 6 septimber 1925 - Driehuis, 5 septimber 2018), wie yn de Twadde Wrâldoarloch in Nederlânske fersetsstriidster yn de Ried fan Ferset (Raad van Verzet, RVV). Yn de oarlochsjierren fierde se in protte fersetsaktiviteiten út mei har suster Truus Oversteegen en Hannie Schaft.

Freddie Oversteegen
Freddie Dekker-Oversteegen (l), Truus Menger-Oversteegen en premier Mark Rutte by de útrikking fan it Mobilisaasje-oarlochskrús
Freddie Dekker-Oversteegen (l), Truus Menger-Oversteegen en premier Mark Rutte by de útrikking fan it Mobilisaasje-oarlochskrús
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 6 septimber 1925
stoarn 5 septimber 2018
wurkpaad
reden
  bekendheid
Fersetswurk yn WO II

Oversteegen siet jierrenlang yn it bestjoer fan de Stichting Nasjonale Hannie Schaft-Betinking.

Op 15 april 2014 krigen Oversteegen en har suster allebeide it Mobilisaasje-oarlochskrús út hannen fan minister-presidint Mark Rutte. In bûtenwenstige eare, omdat de ûnderskieding ornaris troch de boargemaster útrikt wurdt.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Verzetszusjes onderscheiden door premier Rutte Rijksoverheid.nl, 15 april 2014]