Frederik Gerard van Dijk

Frederik Gerard van Dijk (Húns, 31 oktober 1905Wassenaar, 7 septimber 1994) wie in Nederlânske advokaat, amtner, bestjoerder en politikus foar de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD).

Frederik Gerard van Dijk
politikus
F.G. van Dijk sprekt yn de Twadde Keamer (1963)
F.G. van Dijk sprekt yn de Twadde Keamer (1963)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 31 oktober 1905
berteplak Húns
stjerdatum 7 septimber 1994
stjerplak Wassenaar
partij VVD
Twadde Keamerlid
amtsperioade 1956-1963
Europeesk Parlemintslid
amtsperioade 1959-1963

Libben en wurk bewurkje seksje

Van Dijk waard yn 1905 berne as in soan fan frijsinnich herfoarme predikant Wilhelm Ange François van Dijk en Johanna Eleonora Catharina Merz. Nei it gymnasium studearre er rjochten oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn syn studinetiid waard er lid yn it Amsterdamsch Studenten Corps en roeide by ASR Nereus. Yn 1931 helle er syn bul.

Hy begûn syn karriêre as advokaat en prokureur. Fan 1934 ôf wie Van Dijk amtner op it ministearje fan Lânbou, Fiskerij en Itensfoarsjenning, in posysje dy't er oant 1947 ferfolle soe. Neitiid waard er oansteld as sjef haadafdieling en plakferfangend direkteur fan de Algemene Controle en Technische Controle. Fan 1948 oant 25 septimber 1963 wie Van Dijk haad fan de ôfdieling algemiene saken, direksje Voedselvoorziening fan it ministearje fan Landbouw, Visserij en Voedselvoorziening.

Fan 6 novimber 1956 oant 5 juny 1963 wie Van Dijk lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal en fan 22 juny 1959 oant 4 septimber 1963 wie er út namme fan de VVD lid fan it Europeesk Parlemint. Oant 1971 wurke er 15 jier as foarsitter fan Produktschap voor Vee en Vlees.

Van Dijk besette ek funksjes binnen de VVD, sa wied er ûnder oare foarsitter fan de VVD-ôfdieling De Haach, en hie er njonkenfunksjes, lykas lid fan de Raadgevende Interparlementaire Beneluxraad en foarsitter fan de Vereniging Kinderhulp.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: