Freed is neffens de Gregoriaanske kalinder de sechste dei fan de wike. De dei is ferneamd nei de Germaanske goadin Frija en folget op de Tongersdei.

Freed yn de Jeropeeske talen

Freed is de lêste dei foar it wykein yn in soad gebieten mei in fiifdeiske wurkwike.

Betsjutting bewurkje seksje

Dizze dei fan de wike hat foar guon kristenen in minne namme, omdat de krusiging fan Kristus op in freed barde (sjoch: Goedfreed). Freed de trettjinde is foar guon in ûngeloksdei.

Foar de moslims is freed de wichtichste dei fan oanbidding.

De joadske sjabbat begjint by sinne-ûndergong op freedtejûn, en hâldt op by sinne-ûndergong op sneon.

Ferskaat bewurkje seksje