Frysk-Frankyske Oarloggen

(Trochferwiisd fan Frysk-Frankyske oarloggen)
Frysk-Frankyske Oarloggen

Kaart fan Fryslân yn it jier 716
datum: 690-793
plak: Ryndelta oant Wezer
útkomst: Frankysk bewâld oer Fryslân
Kerstening fan de Friezen
konfliktpartijen
Friezen Franken
befelhawwers
Audulf
Aldgillis
Redbad
Poppo
Unno en Eilrad
Dagobert
Pippyn II
Karel Martel
Pippyn de Koarte
Karel de Grutte
Kaart mei ûntwikkeling fan de gebietsútwreidings fan it Frankyske ryk.

De Frysk-Frankyske Oarloggen wienen in rige fan oarloggen en wapene konflikten tusken de Germaanske folken fan Friezen en Franken. Dizze oarloggen fûnen plak yn de 7e oant de 8e iuw en ynset wie meastentiids de behearsking fan de delta fan Ryn en Maas. Sokke perioades waarden ôfwiksele mei tiidrekken fan frede. De oarloggen einigen úteinlik mei de pasifikaasje fan de Friezen troch Karel de Grutte en de Fryske opstân fan 793.

Eftergrûn bewurkje seksje

Doe't nei de hearskippij fan de Romeinen yn 6e iuw it Grutte Folkeferfarren ta in ein kommen wie, wennen de Friezen yn it noarden en westen fan Nederlân, de Saksen yn it easten en de Warnen oan de mûning fan de Ryn. De Franken hienen Noard-Brabân en it rivieregebiet de rêch takeard en har fierder nei it suden oan de Skelde festige. Under lieding fan har Merovingyske keningen spilen sy in wichtige rol yn de polityk fan Noard-Galje.

De Friezen wienen foaral in los ferbân fan stammen en foarmen ynearsten gjin macht fan betsjutting. Yn de twadde helte fan de 7e iuw wie it Fryske keningskip lykwols 'folút' ûntwikkele [1] en krigen belangstelling foar de eardere Frankyske gebieten en ûnder foargongers fan kening Aldgillis kaam der in Fryske machtsútwreiding nei it hert fan Nederlân.

De oanwêzigens fan de Warnen oan de mûning is oant no ta ûndúdlik, mar it hat der alles fan dat dit folk tusken Friezen en Franken yn de knipe kaam en har ryk derom ferneatige is.

De Krigen om de Ryndelta bewurkje seksje

De oerwinning fan Audulf bewurkje seksje

De Merovingyske en Frankyske kening Gilperik I (561-584) waard yn de skreaune boarne noch as de "skrik fan de Friezen en Sueben" neamd. Lykwols binne der oanwizings fûn dy't derop wize dat de Friezen al rille gau om-ende-by 600, yn kriich, ûnder lieding fan in kening Audulf, súksesfol wienen. It hat der alles mei te krijen dat ûnder syn bewâld der in wichtige oerwinning helle waard op de Franken. De Friezen koenen har macht fierder útwreidzje nei it suden.

Frankyske ekspansje ûnder Dagobert bewurkje seksje

Dochs wie om 630 hinne de situaasje wer omkeard. Under de krêftige Merovingyske kening Dagobert waard it Frankyske ryk wêr ûnder ien bewâld brocht en it gebiet súdlik fan de Alde Ryn ferovere op de Friezen. De Franken brochten diskear ek harren leauwen mei nei dizze kriten, it kristendom en bouden yn Utert in tsjerke. Mar nei it regear fan Dagobert koenen de Franken har dêr net hanthavenje en omtrint 650 kaam it sintrale rivieregebiet, Dorestêd ynklusyf, wer yn hannen fan de Friezen. It slaan fan Frankyske munten hâlde op en de stêd Utert waard residinsje fan de Fryske keningen.

Aldgillis bewurkje seksje

Underskate slaggen
Dorestêd - Keulen - Amel - Slach oan de Boarn

Under it regear fan de Fryske kening Aldgillis krigen de Friezen it oan 'e stok mei de Frankyske hofmeier Ebroin. Diskear wie it behearskjen fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op in ôfstân hâlde en hie net folle fan har te duchtsjen. Yn 678 ûntfong er de Ingelske biskop Wilfried dy't op minne foet stie mei de Franken.

De slach by Doarestêd bewurkje seksje

Pas ûnder de opfolger fan Aldgillis, Redbad wie der wer sprake fan in Frankyske sege, yn de slach by Dorestêd yn 690 hellet de Frankyske hofmeier Pippyn II [2] de oerwinning. Lykwols binne de gefolgen fan dizze delslach net alhiel dúdlik. Dorestêd foel - wer - yn Frankyske hannen, alyksa de kastielen fan Utert en Fechten en nei alle gedachten strekte har macht no súdlik fan de Alde-Ryn út oan de kust, mar alhiel wis is dat net, omdat de macht fan de Friezen oer it sintrale rivieregebiet net hielendal ferlern gie. Yn alle gefallen waard der in aartsbisdom of bisdom fan de Friezen stifte foar Willibrord[3] en wie der it sluten fan in houlik tusken Grimoald, de âldste soan fan Pippyn, en Thiadsvind, de dochter fan Redbad yn 711.

De Frankyske boargeroarloch bewurkje seksje

Doe't Pippyn yn 714 ferstoar en der in opfolingingsoarloch ûntstie makke Redbad op snoade wize gebrûk fan de problemen by de Franken. Hy sleat in ferbûn mei de Frankyske hofmeier Ragenfrid en syn legers koenen yn 716 oant Keulen ta yn it gebiet fan de Franken ynkringe en wêr't yn de slach by Keulen de oerwinning helle waard. Op dy wize kamen alle eardere gebieten besuden de Ryn wer yn Fryske hannen. De legers kamen mei fan in grutte bút en kriichsfinzenen werom nei it noarden.

Redbad makke lykwols plannen om it Frankenryk foar in twadde kear yn te fallen en luts hjirfoar in grutte kriichsmacht gear. Mar dêrta soe hy net mear de gelegenheid krije. Troffen troch in slimme sykte ferstoar Redbad yn de neisimmer of iere hjerst fan it jier 719.[4]

De Oerweldiging fan Frisia bewurkje seksje

 
Utwreiding en delgong

It is net alhiel wis wa't de opfolger fan Redbad wie. Nei alle gedachten wienen der problemen mei de opfolging, omdat de Frankyske tsjinstanner Karel Martel nei de dea fan Redbad ienfâldich it Fryske ryk ynfalle koe en de Friezen ûnderwerpe. De wjerstân dy't hja beaen wie tige swak dat Karel Martel him net beheinde ta it op 'e nij ynliivjen fan citerior Frisia, Fryslân besuden de Ryn, dochs fuortendaliks trochstuts oer de Ryn en it Friezenryk oant en mei de Fly yn besit naam.

De Franken hienen der in protte foar oer om de oerwûnen oan har side te krijen. De Friezen hoegden allinnich in ûnthjit fan trou oan de Frankyske kening ôf te lizzen en oan har waard in belêsting oplein, de huslotha. Dat wie in soart fan midsiuwske ûnroerendesaakbelêsting dy't alle jierren oan de kening ôfdragen wurde moast.[5]

De slach oan de Boarn bewurkje seksje

Yn 733 kearde Karel Martel him twaris tsjin de Friezen en gong op kriichspaad. It leger fan Friezen dy't ûnder lieding stie fan kening Poppo waard tebek slein nei Eastergoa en it jier dêrop fûn de slach oan de Boarn plak. Karel stiek mei in float mei in leger oan board de Aelmere oer om De Boarn op te farren. De Friezen waarden yn de slach ferslein en har oanfierder Poppo skeat it libben der by yn. De oerwinners sloegen oan it plonderjen en stutsen de heidenske hillichdommen yn 'e brân. Foarsjen fan in grutte bút fear Karel Martel mei syn float werom, de macht fan de Fryske keningen hied er foargoed brutsen en anneksearre Fryslân tusken it Fly en Lauwers.

De Anneksaasje fan Eastlik frisia bewurkje seksje

Under de Frankyske kening Karel de Grutte waard lang om let in ein makke oan de selsstannigens fan de Friezen eastlik fan de Lauwers. De direkte oanlieding wienen syn kriichsplannen om it Frankyske ryk fierder nei it easten út te wreidzjen. De kriich begûn mei in kampanje tsjin de East-Friezen en waard dêrnei trochset tsjin de Saksen. De kriich tsjin de Saksen soe al gau ferwurde ta in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe, en te boek steld stiet as de Saksenkriich.

Yn 772 foel Karel mei in grut leger de Saksen en de Friezen eastlik fan de Lauwers oan. Hy fersloech harren yn in oantal slaggen en dêrtroch kaam sawol it lêste ûnôfhinklik bleaune Frysk gebiet en as it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.

De Fryske opstannen bewurkje seksje

 
De oanslach op Bonifatius

Moard op Bonifasius bewurkje seksje

De earste biskop fan Fryslân Bonifatius [6] wie yn 754 mei in lyts selskip nei Fryslân ta setten om de Friezen te kerstenjen. Hy wie fan plan in grut oantal Friezen te bekearen en rôp in grutte gearkomste út om de kerstening te befestigjen troch doop. Dizze gearkomste soe plak fine tichtby Dokkum, tusken Frjentsjer en Grins, mar ynstee fan de groep bekearden dy't er ferwachte hied er te krijen mei in groep bewapene ynwenners dy't de aartsbiskop op jierren deasloegen. De Fryske striders wienen lulk op Bonifasius, omdat er harren hillichdommen ferwoaste hie. De biograaf fan Bonifasius skriuwt dat de Friezen de biskop deade omdat sy tochten dat er koffers mei skatten fan goud en oare rykdommen by him hie. Mar it die lykwols bliken dat de kisten allinnich mar boeken befetten.

De Grutte Fryske opstân 782-785 bewurkje seksje

Under oanfiering fan Widukind bleaune de Saksen ferset bieden tsjin de Franken. Yn 782 kamen ek de Friezen eastlik fan de Lauwers yn opstân. De opstân sloech oer nei de eardere pasifisearre Fryske gebieten yn it westen, dêr't de befolking werom foel nei it heidendom. Der waarden rôftochten holden, tsjerken yn brân stutsen en geastliken as Liudger moasten útwike nei it suden.

It antwurd fan Karel op dizze grutte opstân wie in nije fjildtocht yn 783 dêr't er him ynearsten by rjochte op de Saksen en letter op de Friezen. De Friezen joegen Widukind stipe yn de striid tsjin de Franken troch him yn 784 in leger mei Fryske striders te stjoeren. Lykwols moast Widukind him yn 785 oerjaan en ek de Fryske opstân waard mei hurde hân delslein. Karel bestraffe de Friezen troch har it rjocht op it manlik erfdiel te ûntnimmen hjirtroch ferlearen sy harren status fan frije mannen.[7]

De Opstân fan 793 bewurkje seksje

Yn 793 kamen de Friezen foar in lêste kear yn opstân tsjin Karel de Grutte. De direkte oanlieding hjirfoar wiene de twongen rekrutearringen fan Friezen en Saksen foar de Avarenkriich yn it easten. Under oanfiering fan de hartoggen Unno en Eilrad,[8] ûntstie yn Frisa eastlik fan de Lauwers in opstân dy't har útwreide nei de oare Fryske gebieten en soe der ta liede dat de Friezen tydlik weromfoelen nei it heidendom. Op 'e nij waarden Kristlike sindlingen op 'e flecht jage. Troch de Franken waard de ôpstân wreed delslein en kamen de Friezen wer ûnder de kwint.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van Es, W.A. en Hessing, W.A.M. (1994), Romeinen, Friezen en Franken, in het hart van Nederland, side 90.
  2. Blok, D.P. (1968), De Franken, hun optreden in het licht der historie, siden 32-34
  3. it Liber Pontificalis (Corpus XXXVI 1, side 168) en Beda Venerabilis (Corpus XLVI9, side 218)
  4. Halbertsma, H. (2000), Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, op side 90.
  5. Van der Tuuk, L. (2008), Noormannen in de Lage Landen, Handelaren, huurlingen en heersers, side 74.
  6. Boniface from Patron Saints Index
  7. Van der Tuuk, L. (2008), Noormannen in de Lage Landen, Handelaren, huurlingen en heersers, side 73.
  8. Halbertsma, H. (2000), Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, side 310.