Gebikka, ek bekend as Gjúki, Gifica, Gifica, Gibica en Gebicar, wie in Boergondyske haadling (kening) fanôf ein 4e iuw oant syn dea om 407. Hy wie de heit fan Gundohar, Giselher, en Gunther.

Under Gebikka wennen de Boergonden oan de bopperin fan de Main. Sy wienen as foederaty ferbûn mei it Romeinske ryk en moasten soldaten leverje foar it leger. Gebikka wurdt neamd yn in oantal iere midsiuwske gedichten. Yn it Angelsaksyske gedicht Widsith is er Gifica en as Gjúki. En yn it gedicht Atlakviða út de Edda wurdt er neamd as de heit fan Gunnar (sjoch Gundohar).