Gemma Frisius

learmaster fan û.o. Mercator yn de tiid dat astronomy en astrology noch tegeare gongen

Gemma Frisius, ek wol Jemme Reinerssoan Frisius, (Dokkum, 8 desimber 1508Leuven, 25 maaie 1555) wie in Frysk geograaf, wiskundige en dokter.

Gemma Frisius (Maarten van Heemskerck, om 1540 hinne)

Biografy bewurkje seksje

Gemma Frisius waard berne yn Fryslân yn in earme húshâlding. Hy wie as bern kreupel, mar dat gie letter oer. Hy studearre oan de Katolike Universiteit Leuven ûnder oaren wiskunde en astronomy. Mei dy kennis begûn er mei it meitsjen fan wrâldkaarten.

Tegearre mei in lokale goudsmid makke er wrâldbollen om syn kaarten yn in realistyske foarm wer te jaan. Ek ferbettere er de atlas fan Petrus Apianus. Hy makke in soad astronomyske ynstruminten om bygelyks de lingtegraad te mjitten. Syn ideeën beskreau er yn boeken mei in protte ôfbyldings. Ut dy ideeën binne letter in protte ûntdekkings dien, lykas ek ús ûntdekking fan de camera obscura. Frisius wie ien fan de earsten dy’t it idee fan in kamera op papier setten hat.[1]

Under syn learlingen sieten Gerardus Mercator (dy’t letter syn meiwurker waard), Johannes Stadius, en John Dee.

Op de moanne is in krater nei Frisius neamd. De Katolike Universiteit Leuven hat in risikokapitaalfûns nei de wittenskipper naemd. Yn 2009 hat de planetoïde 11433 yn de gurdle tusken de planeten Mars en Jupiter syn namme krige.

Gemma syn âldste soan Cornelis Gemma wie ek dokter en teffens astronoom en astrolooch.

Wurk bewurkje seksje

  • (Cosmographia (1529) fan Petrus Apianus, mei kommentaar fan Gemma Frisius)
  • De principiis astronomiae et cosmographiae (1530)
  • De usu globi (1530)
  • Libellus de locorum describendorum ratione (1533)
  • Arithmeticae practicae methodus facilis (1540)
  • De annuli astronomici usu (1540) [2]
  • De radio astronomico et geometrico (1545)
  • De astrolabio catholico (1556)

Literatuer bewurkje seksje

  • N. Haasbroek: Gemma Frisius, Tycho Brahe and Snellius and their triangulations. Delft 1968 Online, pdf
  • Robert Haardt: The globe of Gemma Frisius. Imago mundi, Bd. 9, 1952.
  • W. Karrow: Mapmakers of the Sixteenth Century and Their Maps. Chicago 1993.
  • G. Kish: Medicina, mensura, mathematica: The Life and Works of Gemma Frisius. Minneapolis 1967, mei ek syn artikel yn de Dictionary of Scientific Biography
  • A. Pogo: Gemma Frisius, his method of determining longitude. Yn: Isis. Bd. 22, 1935, s.469-485.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Ofbyld fan syn Camera Obscura út 1544.