Generaal Grantbeam

De General Grantbeam is de grutste Mammoetbeam (Sequoiadendron giganteum) yn Kings Canyon National Park yn de Amerikaanske steat Kalifornje. De beam waard yn 1867 ferneamd nei generaal Ulysses S. Grant, ek de 18e presidint fan de Feriene Steaten (1869-1877).

The General Grantbeam stiet yn Kings Canyon National Park.
De Nasjonale Krystbeam wurdt fersierd
Yn 1936

Presidint Calvin Coolidge beneamde de beam ta de Nation's Christmas Tree op 28 april 1926. Op 29 maart 1956, ferklearre presidint Dwight D. Eisenhower dat de beam in "National Shrine" wurde soe, in plak ta oantins fan dejingen dy’t yn de Twadde Wrâldkriich stoarn wienen. De beam is nei de Generaal Shermanbeam de meast grutte yn de wrâld, sûnt 2005, doe’t de Washingtonbeam ofbriek. Der is wol tocht dat dizze beam goed 2000 jier âld wêze kin, mar syn jierren wurde no rûsd op sa’n 1650 jier.

Ofmjittings en hichte bewurkje seksje

Hichte[1] 267.4m
Omfang by de grûn[1] 107.6 m
Diameter oan de basis[1] 28.9m
Diameter boppe de basis[1] 16.3m
Diameter boppe basis[1] 12.9
Rûzing stamfolume[1] 46.608m3

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Flint, Wendell D.To Find the Biggest Tree útj. Sequoia National Forest Association, 1987; s. 94

Keppelings om utens bewurkje seksje