George Bernard Shaw

George Bernard Shaw (Dublin, 26 july 1856Ayot Saint Lawrence, 2 novimber 1950) wie in Iersk toanielskriuwer, sosjalist en teäterkritikus. Hy wie in frijtinker, stipe de striid foar likense rjochten foar froulju en wie foarstanner fal likense beleanning foar manlju en froulju. Hy wie ek in oertsjûge fegetariër en tsjinstanner fan dierproeven. Hy wûn de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1925 – hy akseptearre de eare, mar wegere it jild.

George Bernard Shaw
George Bernard Shaw yn 1925

Libbensrin bewurkje seksje

Shaw waard berne yn Ierlân, mar ferhuze yn 1876 nei Londen en kaam yn de 30 jier dêrnei net wer nei Ierlân. Hy wurke oan syn eigen oplieding troch in soad tiid troch te bringen yn it British Museum. Hy begûn mei it skriuwen fan muzyk, teäterkritiken en boeken, earst sûnder folle súkses. Shaw hold him ek dwaande mei polityk, hy wie in sosjalist dy't tusken 1885 en 1911 in liedende rol hie yn de Fabian Society yn Londen. Om de foarlêste iuwwikseling hinne wie er as toanielskriuwer tige populêr en waarden der yn in soad teaters yn Londen tagelyk toanielstikken fan him opfierd, mear as fan eltse oare auteur.

Yn 1895 waard G.B. Shaw de toanielkritikus fan de Saturday Review. Yn 1898 troude er in Ierske erfgenamte, Charlotte Payne-Townshend, en waard syn earste súksesfolle toanielstik, Candida, produsearre. Dêrnei folge in rige klassike komeedzjes, lykas: The Devil's Disciple (1897), Arms and the Man (1898), Mrs Warren's Profession (1898), Captain Brassbound's Conversion (1900), Man and Superman (1902), Caesar and Cleopatra (1901), Major Barbara (1905), Androcles and the Lion (1912), en Pygmalion (1913). De lêste ynspirearre de musical My Fair Lady (Lerner & Loewe, 1964).

Nei de Earste Wrâldoarloch brocht er serieuzer wurk út, dêr't Heartbreak House (1919) en Saint Joan (1923) ûnder rekkene wurde moatte. Karakteristyk foar syn toanielstikken is it lange foarwurd dat oan elts dêrfan foarôf giet, soms tsientallen bledsiden lang, dêr't de stof fan it toanielstik yn analysearre wurdt. Hy ferkundige dêr kontroversjele stânpunten yn oer de saken dy't yn it toanielstik oan de oarder kamen. Guon fan dy foaropwurden binne langer as it toanielstik sels. Yn it foaropwurd by Androcles and the Lion en yn it stik sels komt er der bygelyks dúdlik foar út dat neffens him immen dy't de oarloch ferhearliket, in oanhinger is fan de oarlochsgod Mars en gjin kristen wêze kin. Syn populariteit belune sterk nei syn essay Common Sense About the War (1914), dat ûnheitelânsleavjend neamd waard. Mei syn stik Saint Joan (1924) slagge it him om it publyk wer op syn hân te krijen en waard er fereare as 'de twadde Shakespeare'. It stik is basearre op it libben fan Jeanne d'Arc dy't fjouwer jier dêrfoar hillich ferklearre wie. Hy fertelt it ferhaal net mei har as heldinne of martelder, mar sjocht har as in koppige, seksleaze jonge frou mei in soad krêft en sterke wil.

Nei in besite oan de Sovjet-Uny yn de jierren tritich, wêrby't er Stalin moete, waard Shaw in sterke supporter fan de stalinistyske USSR en wurdt dêrom beskôge as in typyske Fellow traveller. It foarwurd by syn toanielstik On the Rocks (1933) is primêr bedoeld as ferdigening fan de pogroms dy't troch de steatsfeilichheidstsjinst (OGPOe/NKVD) útfierd waarden yn de USSR foar en yn de perioade fan de Grutte Suvering. Yn in iepen brief oan de krante Manchester Guardian bestimpele er ferhalen oer Sovjet-hongersneden as lasterlik en neamde er rapporten oer ít útrûpeljen fan de arbeiders (sjoch: Stachanowisme) yn de USSR ferkeard.[1]. Hy ferdigene Stalin ek yn oare opsichten, lykas yn in brief oan it tydskrift Labour Monthly oangeande Stalins bemuoienis mei de biology, wêrby't de tinkbylden fan Trofim Lysenko oan de wittenskip opkrongen waarden[2].

Tematyk bewurkje seksje

Yn syn toanielstikken kombinearre Shaw morele problemen fan al den dei mei in iroanyske toan en paradoks, en produsearre siswizen as "He who can, does. He who cannot, teaches" ('Wa't eat kin, docht it. Wa't it net kin, ûnderwiist it'), "England and America are two countries divided by a common language" ('Ingelân en Amearika binne twa lannen dy't skaat wurde troch in mienskiplike taal') en "The fact that a believer is happier than a skeptic is no more to the point than the fact that a drunken man is happier than a sober one" ('It feit dat in leauwige lokkiger is as in skeptikus, docht net mear ta de saak as it feit dat in dronken man lokkiger is as in nofterenien'). Syn wurk is ek foar in hjoeddeisk publyk noch altiten tige lêsber en wurdt noch frij geregeld opfierd.

Doe't er ferstoar, wie er net allinnich bekend op de Britske eilannen, mar wrâldwiid. Hy siet yn noed oer de ûndúdlikens fan de Ingelske stavering en hy joech in part fan syn rykdom oan in stifting dy't in nij fonetysk alfabet, it Shavian-alfabet, foar de Ingelske taal gearstalle moast.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Letters to the Editor: Social Conditions in Russia by George Bernard Shaw, yn The Manchester Guardian, 2 maart 1933. 2007-06-03. Gareth Jones' Memorial Website
  2. Shaw, George Bernard, The Lysenko Muddle (ôfskrift fan it betreffende artikel yn de Labour Monthly, Jan. 1949) [1]