George Walton Lucas jr. (Modesto (Kalifornje), 14 maaie 1944) is in Amerikaansk filmregisseur, filmprodusint en skriuwer.

George Lucas

Libbensrin bewurkje seksje

George Lucas is fral bekend wurden as makker en betinker fan de Star Wars-films en troch syn filmmaatskippij Lucasfilm Ltd. Fierders betocht hy de Indiana Jones-films dy't er tegearre mei syn freon Steven Spielberg makke. Al earder hie der goed fertsjinne troch it súkses fan de film American Graffiti, syn twadde film as regisseur.

Lucas rjochte ek ILM op, dat him dwaande hâld mei filmmerchandise, filmmuzyk en spesjale effekten.

Ek Pixar (bekend fan ûnder oare The Incredibles, Finding Nemo en Toy Story) wie ûnderdiel fan Lucasfilm, mar waard troch him ferkocht. En THX wie ek in lange tiid ûnderdiel fan Lucasfilm.

George Lucas is in tige ryk persoan. It fermogen fan him wurdt skatten op goed $3 miljard. Hy is de heit fan trije adoptearre bern: Amanda, Katie en Jett.

Filmografy bewurkje seksje

Riges bewurkje seksje

Koarte films bewurkje seksje

Spylfilms bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje