Gerard Johannes Nicolaus de Korte (Vianen, 13 juny 1955) is in Nederlânsk Roomsk-katalyk geastlike. Hy wie fan 2001 oant 2008 help-biskop fan Utert en dêrnei biskop fan Grins-Ljouwert.

Biskop De Korte

De Korte ûntfong syn prysterwijing op 5 septimber 1987 troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert. Hy waard 11 april 2001 ta help-biskop fan Utert beneamd en titulêr biskop fan Caesarea in Mauretania. 2 juni 2001 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Johannes Gerardus Maria Willebrands, aartsbiskop emeritus fan Utert, en Johannes Antonius de Kok, help-biskop fan Utert, as ko-konsekrators.

18 juny 2008 waard hy ta biskop fan Grins-Ljouwert beneamd en 13 septimber 2008 ynstallearre.

Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppelings om utens bewurkje seksje