Glenda May Jackson OBE (Birkenhead, 9 maaie 1936Londen, 15 juny 2023) wie in Ingelsk aktrise en politika.

Glenda Jackson
akteur
Glenda Jackson (1971)
Glenda Jackson (1971)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Glenda May Jackson
nasjonaliteit Britsk
berne 9 maaie 1936
berteplak Birkenhead
stoarn 15 juny 2023
stjerplak Londen
etnisiteit Ingelsk
prizen Oscar 2x, 1969, 1973
Emmy 2x, 1972, 2020
Tony 2018
BAFTA 2x, 1971, 2019
Golden Globe 1973

Jackson begûn as aktrise op it toaniel en wie as sadanich fan 1964 ôf fjouwer jier lang ferbûn oan de Royal Shakespeare Company. Yn 1963 makke se har filmdebút yn This Sporting Life. Se bruts troch mei har rol yn de ferfilming fan D.H. Lawrence syn Women in Love (1969), dêr't se in Oscar foar wûn.

Yn 1992 beëinige Jackson har filmkarriêre, omdat se keazen waard as parlemintslid foar Labour. Fan 1997-1999 wie se ûnderminister fan Transport en se hat ek noch besocht om boargemaster fan Londen te wurden.

Nei de ein fan har politike karriêre yn 2015 kaam se werom nei it toaniel. Yn 2018 wûn sy in Tony Award foar har rol yn Edward Albee's Three Tall Women. Dêrmei waard sy ien fan de pear akteurs dy't in Triple Crown of Acting beset hawwe troch it winnen fan sawol in Oscar, in Emmy en in Tony.

Yn 2019 spile se de haadrol yn de Britske telefyzjefilm Elisabeth is missing, wêryn 't de tachtichjierrige en deminte Maud op syk giet nei har ferdwûne bêste freondinne Elisabeth.

Glenda Jackson ferstoar op 15 juny 2023, yn 'e aldens fan 87 jier, nei in koart siikbêd.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1963 This Sporting Life Singer at Party Net neamd
1967 Marat/Sade Charlotte Corday
1968 Tell Me Lies Gaste
1968 Negatives Vivien
1969 Women in Love Gudrun Brangwen
1971 The Music Lovers Nina
1971 Sunday Bloody Sunday Alex Greville
1971 The Boy Friend Rita Monroe Net neamd
1971 Mary, Queen of Scots Queen Elizabeth
1972 The Triple Echo Alice
1973 Bequest to the Nation Lady Hamilton AKA The Nelson Affair
1973 A Touch of Class Vickie Allessio
1973 The Devil Is a Woman Súster Geraldine AKA Il Sorriso del grande tentatore
1975 The Maids Solange
1975 The Romantic Englishwoman Elizabeth Fielding
1975 Hedda Hedda
1976 The Incredible Sarah Sarah Bernhardt
1976 Nasty Habits Alexandra
1978 House Calls Ann Atkinson
1978 Stevie Stevie Smith
1978 The Class of Miss MacMichael Conor MacMichael
1979 Lost and Found Patricia Brittenham
1980 Health Isabella Garnell
1980 Hopscotch Isobel
1982 he Return of the Soldier Margaret Grey
1982 Giro City Sophie Makke foar Channel 4, mar wie foarôfgeande oan de earste útstjoering op telefyzje al yn de bioskopen te sjen.
1985 Turtle Diary Neaera Duncan
1987 Beyond Therapy Charlotte Wallace
1988 Business as Usual Babs Flynn
1988 Salome's Last Dance Lady Alice
1989 The Rainbow Anna Brangwen
1989 Doombeach Miss
1990 King of the Wind Queen Caroline
2021 Mothering Sunday de âldere Jane Fairchild

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN