Gouden Koets (Nederlân)

De Gouden Koets is de koets dêr't de Nederlânske kening of keninginne elk jier op Prinskesdei mei nei de Ridderseal fan it Binnenhof yn De Haach rydt om de troanrede út te sprekken.

Beatrix yn de Gouden Koets op Prinskesdei

De Gouden Koets is makke fan Javaansk teakhout. Partenen derfan binne beklaaid mei blêdgoud. It reau is boud yn Hollânske renêssânsestyl en is beskildere mei allegoaryske foarstellingen. De koets waard ûntwurpen en boud troch de bruorren Spijker, de lettere autofabrikant.

De koets is in berline op acht fearren. Allinnich as it steatshaad de koets brûkt, mei er lutsen wurde troch in achtspan. Yn oare gefallen wurde seis hynders brûkt. De koets is diels fergulde en fersierd mei allegoarysk lofwurk. It byldhouwurk komt út it Atelier Van den Bossche en Crevels, de ferskate panielskilderingen binne fan de hân fan Nicolaas van der Waay. It ynterieur is fan siden petit-point-nillewurk. Dat borduerwurk waard foar in part dien troch famkes út weeshuzen. Oan beide kanten fan de staasjebok is it nasjonale rykswapen opnomd. De bok sels is beklaaid mei read lekken. De fjouwer tsjillen fan de koets symbolisearje sinnen. Op de kroanlist fan de koets binne de wapens fan de destiidske alve provinsjes fan Nederlân te sjen, mei it wapen fan de stêd Amsterdam, dy't de koets skonk.

De Gouden Koets wie in geskink fan de befolking fan Amsterdam oan Keninginne Wilhelmina. It jild foar de koets waar ynsammele troch de Vereeniging van het Amsterdamsche Volk tot het Aanbieden van een Huldeblijk aan H.M. Koningin Wilhelmina. De koets wie bedoeld as geskink by har ynhuldiging as keninginne op 6 septimber 1898. Wilhelmina woe lykwols gjin geskinken by gelegenheid fan har ynhuldiging oannimme en naam dêrom de koets in dei letter, op 7 septimber 1898, yn ûntfangst.

De keninginne woe graach stean kinne yn de koets, dêrfandinne de bûgde foarm fan de kroanlist.

Brûken fan de Gouden Koets bewurkje seksje

 
Prinsjesdag 2013, Koninklijke stoet op de terugweg na de troonrede. Z.M. de Koning en H.M. Koningin Máxima

Op harren houliksdei, 7 febrewaris 1901 yn De Haach, rieden keninginne Wilhelmina en prins Hendrik foar it earst yn de Gouden Koets. In moanne letter waard de koets yn Amsterdam brûkt by de yntocht fan it Keninklik pear. Sûnt 1903 makket it steatshaad yn de regel ien kear jiers gebrûk fan dit reau, en wol op Prinskesdei. Dêrfoar waard ek faak de glêzen koets brûkt. By de doop fan prinses Juliana yn 1909, it houlik fan prinses Juliana en prins Bernhard yn 1937, de doop fan prinses Beatrix yn 1938, it houlik fan prinses Beatrix en prins Claus yn 1966 en by it houlik fan prins Willem-Alexander en Máxima Zorreguieta yn 2002 waard de Gouden Koets ynsetten.

Oan beide kanten fan de koets rinne jouwer lakeien. Harren taak bestiet op it earste gesicht allinnich út it iepenjen en sluten fan it portier en it útklappen fan in trepke, mar by de brulloft fan Willem-Alexander en Máxima blykte dat se faker nedich binne. Der waard doe út it publyk wei en sekje wite ûnhuerichheid tsjin de koets kwakt en dat waard troch de lakeien fuortendaliks skjinmakke. Njonken de hynders rinne helpkoetsiers. Dy kinne yngripe as in hynder ûnrêstich wurdt.

Kontroverze bewurkje seksje

 
Sydpaneel mei Hulde der Koloniën

De Gouden Koets kaam yn 2011 yn opspraak fanwegen de foarstelling op it linkerpaneel Hulde der Koloniën. De keamerleden Harry van Bommel en Mariko Peter stelden út it paneel fuort te heljen. Neffens aktivisten liet it paneel healneaken slaven sjen, dy't harren ûnderwurpen oan it Keninklik Hûs. Skiedkundigen stelden dêr foaroer dat de foarstelling gjin slaven en keningshûs oanbelanget noch in ferhearliking fan de koloniën is. It paneel lit de yn dy tiid jildende ferhâldingen mei de koloanjes sjen en ferwiist neffens histoarikus Susan Legêne fan de Frije Universiteit nei de etyske diskusje yn de polityk dêr't in morele ropping sintraal yn stie dy't Nederlân hearde te fielen foar de befolking yn de koloniën.[1]

Underhâld bewurkje seksje

Nei Prinskedei 2015 waard útein set mei in ingripende restauraasje dy't yn 2021 klear wêze sil. Yn de tuskentijd makke it keningspear gebrûk de Glêzen Koets.

De kosten fan it grut ûnderhâld waarden net iepenbier makke. De opknapbeurt waard útfier binnen de begrutting fan de kening, dy't de frijheid hat om binnen dy begrutting sels te bepalen hoe't er dat jild besteget.[2]

De koets sil fan juny oant novimber 2021 útstald wurden yn it Amsterdam Museum. Oft de koets nei 2021 noch offisjeel brûkt wurde sil is net wis.[3]

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Gold Coach


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten