De goudfazant (wittenskiplike namme: Chrysolophus pictus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kraachfazanten (Chrysolophus). Dit bist komt fan natuere foar yn súdlik Sina. It is in middelgrutte omnivoare fûgel, dy't besibbe is oan 'e gewoane fazant (Phasianus colchicus), mar net ta itselde skaai heart. De wittenskiplike namme betsjut letterlik "bûnte" (pictus) "goudtoef" (Chryslolophus). De goudfazant is yn gâns dielen fan 'e wrâld populêr as foliêrefûgel en komt yn guon lannen ek foar as eksoat. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.

goudfazant

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kraachfazanten (Chrysolophus)
soarte
Chrysolophus pictus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding bewurkje seksje

Yn syn lânseigen fersprieding is de goudfazant beheind ta in grut diel fan it binnenlân fan súdlik Sina. Dêrta hearre de hiele provinsjes Guizhou en Hubei, westlik Guangxi, noardlik Yunnan, westlik Hunan, súdeastlik en eastlik Sichuan, súdlik Shaanxi en súdwestlik Henan.

 
In hin.

Der binne lykwols ek ferwyldere populaasjes fan wat oarspronklik foliêrefûgels wiene dy't yn oare dielen fan 'e wrâld libje. Yn Noard-Amearika komt de goudfazant sadwaande as eksoat foar yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Meksiko, en yn Súd-Amearika yn Kolombia, Perû, Bolivia, Sily, Argentynje, Oerûguay en op 'e Falklâneilannen. Yn Jeropa libje der goudfazanten yn it wyld yn it Feriene Keninkryk, Ierlân, Frankryk, Dútslân, Belgje en, neffens guon boarnen, ek Nederlân. Yn Oseaanje komt de goudfazant foar yn dielen fan Austraalje, Nij-Seelân en Hawaï.

Yn Ingelân libje de grutste populaasjes goudfazanten yn it Brecklandwâld yn 'e greefskippen Norfolk en Suffolk, en op it eilân Tresco dat diel útmakket fan 'e Scilly-eilannen, yn 'e Keltyske See foar de kust fan Cornwall. Yn Hawaï waard yn 1996 in populaasje wylde goudfazanten ûntdutsen yn it Nasjonaal Wyldreservaat Waikamoi op it eilân Maui. Dêrwei ferpraten de bisten har nei it Natoergebiet Hanawi en it Nasjonaal Park Haleakalā.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

De goudfazant is in middelgrutte fûgel. De hoannen hawwe trochinoar in kop-sturtlingte fan 100 sm, wêrfan't in sturtlingte sa'n 67 sm, oftewol 2/3 part foarmet. It gewicht bedraacht 500–700 gram. De hinnen binne in slach lytser, mei in kop-sturtlingte fan 60–80 sm, wêrfan't de wat koartere sturt likernôch de helte útmakket. It gewicht fan in hin leit om 'e 350 g hinne.

Wat de kleur fan it fearrekleed oangiet, dy wurdt by de hoanne dominearre troch de goudgiele kop, toef, rêch en stuten. Gesicht, kiel en hals hawwe in roastbrune kleur. De snaffel en de poaten binne giel en datselde jildt foar de eagen, dy't in swarte pupil hawwe. Oan 'e sydkant fan 'e kop sitte giele lellen. Boarst, bealch, siden en de koartere sturtfearren binne fel skarlekkenread of oranjeread. Yn 'e nekke hat de hoanne in goudgiele of oranje kraach, dy't opset wurde kin om mei te pronkjen en der dan útsjocht as giel/oranje mei horizontale swarte streken dertrochhinne. De bopperêch is grien en de wjukken binne read mei blauwe slachpinnen. De sintrale sturtfearren binne swart mei bêzje spikkels, en de úteinen binne hielendal bêzje.

 
In pearke goudfazanten.

Hinnen hawwe in folslein oare, folle saaiere kleur, dy't lykwols in folle bettere skutkleur is, eat dêr't se ferlet fan hawwe as se op it nêst sitte te brieden. It fearrekleed is oer it hiele lichem ljochtbrún mei dûnkerbrune oant swarte horizontale streken, dy't finer binne op it boarst en de siden en breder op 'e rêch, de wjukken en de sturt. Wat fierder nei it ûnderlichem ta, wat ljochter it brún wurdt. De bealch is effen bêzje, en itselde jildt foar de kiel en it gesicht. Krekt as by de hoannen binne de snaffel, de poaten en de eagen giel. Guon hinnen ûntwikkelje letter yn it libben in diel fan it manlike fearrekleed.

Biotoop bewurkje seksje

Goudfazanten komme fan natuere foar yn wâlden yn bercheftige kontreien. Dêr libje se op in hichte fan likernôch 1.700–2.400 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

De goudfazant libbet fierhinne op 'e wâldflier, dêr't er oerdeis syn kostje byinoar foerazjearret. Nachts sliept er lykwols yn 'e tûken fan 'e beammen, om nachtjeiende rôfdieren lykas kateftigen en martereftigen te mijen. Winterdeis kloftsje goudfazanten faak gear yn groepen, dy't oan 'e boskrâne foerazjearje, deunby minsklike bewenning. Hoewol't se op knoffelige wize koarte eintsjes fleane kinne, misse se it fermogen foar flecht oer langere ôfstannen. Om oan direkte bedrigings te ûntkommen, fleane se op, mar as it heal kin, naaie se leaver geandefoets út om har tusken de ûndergroei fan it wâld te ferskûljen.

 
It aai fan in goudfazant.

De peartiid falt foar goudfazanten yn april. Nei de pearing makket de hin in nêst dat bestiet út in mei de poat yn 'e grûn útskrabe dobke, beklaaid mei wat blêdeguod. Dêryn leit se 5–15, mar ornaris 8–12 aaien dy't effen bêzje fan kleur binne. De briedtiid duorret 22–23 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't oeren nei't se út it aai kommen binne it nêst al ferlitte kinne. De hin fuorret se net, mar liedt har bruod ynstee nei plakken ta dêr't se harsels fuorje kinne. De maksimale libbensferwachting foar goudfazanten yn finzenskip is foar de hoannen 15–18 jier, en foar de hinnen maksimaal 12 jier. Yn it wyld lizze dy sifers in stik leger.

Fretten bewurkje seksje

Goudfazanten binne omnivoaren. Har menu bestiet foar it meastepart út sieden, blêden en lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, rûpen en oare larven, wjirms, spinnen en tûzenpoaten.

Status bewurkje seksje

De goudfazant hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.