Granger (Washington)

Granger is in plak (city) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it 3246 ynwenners. It plak waard oant 2000 oantsjutten as town, mar is dêrnei in city wurden.

Granger
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Yakima County
Sifers
Ynwennertal 3246 (2010)
Oerflak 4.66 km²
Befolkingsticht. 700,2 / km²
Hichte 223 m
Oar
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
Simmertiid UTC-7

Granger is stifte yn 1902 en is ferneamd nei Walter Granger, haad fan de Washington Irrigation Company en dejinge dy't njonken de plattegrûn fan Granger ek de plattegrûnen fan Zillah en Sunnyside ûntwurpen hat. Op 28 septimber 1909 waard it in gemeente. Yn 'e 1910 en 1920er jierren krige it plak in ferskaat oan yndustry, bygelyks in stien- en tegelfabryk. Yn 1941 waard in wurkkamp 3 km benoarden Granger boud foar Dust Bowl-flechtelingen; letter húsmannen dêr Meksikaanske wurkers dy't it tekoart oan arbeiders oanfolje moasten fanwege de Twadde Wrâldkriich. It kamp waard sletten ein 60er jierren.

Yn 1979 waard in studio foar de Spaansktalige radiostjoerder iepene yn it plak. Yn 1993 is in projekt úteinset mei dinosaurusmodellen dy't rûnom yn it stedsje opset waarden om toeristen oan te lûken.

Wolkom yn Granger
De bibleteek yn Granger