Greenock is in stêd yn it westen fan Skotlân. De stêd leit op de súdigge fan de rivier de Clyde, oan de see-arm Firth of Clyde, sa'n 40 km bewesten Glasgow, yn it tradisjoneel greefskip Renfrewshire.

Greenock
Grianaig
Greenock oan de mûning fan de Clyde
Greenock oan de mûning fan de Clyde
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Dielsteat Skotlân
Riedsgebiet (council area) Inverclyde
Sifers
Ynwennertal 44.248 (2011)
Oerflak 12,72 km²
Stêdekloft 73.595
Oar
Postkoade PA14, PA15, PA16, PA19
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC
Offisjele webside
[]

Yngenieur James Watt en dichter Denis Devlin binne dêr berne.

De kompjûterfabrikant IBM festige yn 1951 in grutte fabryk, dêr't ûnder oaren byldskermen makke waarden, yn de stêd. Fanwege arbeidsmigraasje nei East-Jeropa, waard de ynfrastruktuer yn Greenock ferkocht oan oare firma's. It tal wurkplakken yn dizze sektor is sadwaande bot sakke.

Susterstêd bewurkje seksje

Berne yn Greenock bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje