Gregoarius fan Toers

Gregoarius fan Toers (folút: Georgius Florentius Gregoarius, 30 novimber ±538 - 17 novimber 594) wie in Gallo-Romeinske biskop en skiedkundige.

Hy wie biskop fan Toers fan 573 oant likernôch 594. Gregoarius is foaral bekend wurden as de skriuwer fan de Decem Libri Historiae (tsien boeken oer de skiednis fan de Frankyske Merovingen) en harren keninkriken, begjinnend mei de skepping fan de wrâld (steunend op oare, âldere boarnen) oan it jier 592 ta. Gregoarius fan Toers hat ek noch in samling hilligenlibbens oanlein, nammentlik it Liber vitae patrum (Boek mei hilligenlibbens).

Eftergrûn bewurkje seksje

Gregoarius waard yn 537 berne yn it hjoeddeiske Clermont-Ferrand (destiids hiet it Arverna) as telch fan in tige ynfloedrike famylje fan Gallo-Romeinske adel, dy't nei harren eigen sizzen ôfstamme fan de út de 2e iuwske Gallo-Romeinske senator Fettius Epagathus, tiidgenoat fan biskop Irenaeus fan Lyon. Oarspronklik wie syn namme Georgius Florentius, mar út earbied foar syn omke Gregoarius (biskop fan Langres) naam hy dy syn namme oan. Ferskeidene fan syn famylje wienen earder al biskop west fan stêden as Lyon, Langres, Klermont en ek Toers. Gregoarius kleemde sels dat sawat alle biskoppen fan dy stêd mear of minder famylje fan him wienen. Syn broer Petrus wie diaken yn Langres en waard yn 572 fermoarde.

Rol as biskop bewurkje seksje

In protte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden dêr't sy setelen. As aartsbiskop fan Toers hie Gregoarius in wichtige posysje yn it politike libben. Hy koe dan ek in soad barren út syn tiid út eigen ûnderfining beskriuwe. It is wis dat Gregoarius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tsjerke fan Rome. Dat gou benammen foar alles dat heidensk wie of heidensk west wie. Ek oer it arianisme yn it Fisigoatyske keninkryk út dy tiid hied er gjin goed wurd oer. Oer de Joadske mienskip wie hy likemin posityf.

Decem libri historiae bewurkje seksje

Side út de skiednis fan de Franken

Syn 'tjien boeken skiednis' binne fierút de iennige beskikbere boarnen oer de skiednis fan de Frankyske riken nei de dea fan Klovis. As aartsbiskop fan Toers wie Gregoarius yn de posysje om't politike ferwikkelings fan tichby mei te meitsjen, omdat hy as aartsbiskop sels diel útmakke fan it politike bestjoer.

Ut de boeken komt er nei foaren as in aktyf man, dy't in soad bartens út eigen ûnderfining opskreau. De Frankyske dielriken ut de 6e iuw, keninklike houliken, lokale polityk yn relaasje mei de oerheid, ferwikkelings yn oare dielen fan de riken en derbûten: alles waard troch him opskreaun. En as hy net genôch ynformaasje hie, dan makke by him de feitlike skiednis plak foar wûnderen, foartekens, geroften en oare net-kontolearbere barrens, wat ek typysk wie foar dy tiid. Tsjin dizze eftergrûn binne de 'decem libri historiae' noch altiten fan ûnskatbere wearde foar de skiedkundigen.

Syn stjerjier is net mei wissichheid bekend, mar moat om 594 hinne lizze. Syn opfolger as biskop fan Toers, Pelagius, wurdt fermelden yn it jier 596 yn in brief fan paus Gregoarius de Grutte. Syn oerlevere wurken binnen yn 592 foltôge.

Literatuer bewurkje seksje

  • Gregorius van Tours, Historiën, Baarn, 1994.