Grifformearde Tsjerken frijmakke

De Grifformearde Tsjerken frijmakke (ôfkoarting: GTf) wie in Nederlânsk protestantsk tsjerkegenoatskip dat ûntstie út de saneamde Frijmakking yn 1944. By dy frijmakking spile prof. dr. Klaas Schilder in grutte rol. Yn 2023 fusearre it tsjerkegenoatskip mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken ta de Nederlânske Grifformearde Tsjerken.[1]

It ûntstean fan protestanske streaming yn Nederlân

Namme fan de tsjerke bewurkje seksje

De Grifformearde Tsjerken frijmakke wie in tsjerkegenoatskip dat ûntstie yn 1944 by in skuorring yn 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Der ûnstiene yn 'e Grifformearde Tsjerken ynhâldik ferskillen fan miening oer kwestjes, fral oer de doop. De synoade fan it tsjerkegenoatskip woe binende beslissings nimme, mar tsjinstanners ûnder lieding fan 'e teolooch Klaas Schilder wiisden op artikel 31 fan 'e Doardtske tsjerkeoarder, dat neffens har gjin synoadale twang tastie en de einferantwurdlikens by de tsjerken del lei. It skeel ûntaarde yn in skuorring en der ûntstiene twa Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De tsjerken dy't trou bleaune oan 'e synoade wiene saneamde 'synoadale tsjerken' en de minsken dy't dêr by hearden waarden 'synoadalen' neamd, wylst de tsjerken dy't harren net bine woene oan 'e synoadale besluten de saneamde 'frijmakke' tsjerken waarden. In âldere oantsjutting fan 'e GTf is dan ek 'Grifformearde tsjerken (ûnderhâldende Artikel 31)' de leden waarden ek wol 'artikel 31-ers' neamd. Om betizing mei de âlde Grifformearde Tsjerken yn Nederlân tefoarren te kommen waard der oan it nij ûnstiene tsjerkenoatskip meast it wurd "frijmakke" taheakke.

Lear fan de Tsjerke bewurkje seksje

De kristlike lear giet werom op de persoan en it optreden fan Jezus Kristus. Kristenen belide dat yn Jezus God sels minske wurden is, alhoewol't God bleau, en nei de ierde kommen is om sûnders te rêden fan de dea, it kwea en de duvel. Dy rêding kin in minske sels net fertsjinje, mar wurdt fan God oan eltsenien jûn dy't leaut dat er dy rêding fan noaden hat. Dat wurdt genede neamd, in kearnwurd fan 'e lear fan 'e tsjerke. Elts dy't fanút de genede libbet sil troch it wurk fan de Hillige Geast hieltyd mear hannelje op in wize dy't God oanstiet, al sil er noch net hielendal losreitsje kinne fan de sûnde. Yn 'e Bibel is it beloofde kommen en de betsjutting fan Kristus' komst fêstlein. De kristlike lear hat syn oarsprong yn it boadskip fan 'e Bibel.

Tradysje bewurkje seksje

Neist de Bibel erkenne de grifformearden ek it grutte belang fan 'e tradysje. It berop op 'e tradysje soarget derfoar dat de útlis fan it leauwe net beheind bliuwt ta dy fan 'de no libjende generaasje. Tradysje stiet boarch foar benammen it belûken fan de sjenswize fan eardere generaasjes op it hjoeddeiske hanneljen fan 'e Tsjerke. Sa wurdt foarm jûn oan 'e Tsjerke as ivige mienskip - fan no, doe en takomst. Foarbyld fan hanneljen neffens de tradysje binne it hâlden fan (twa) tsjerketsjinsten op snein.

Geskriften bewurkje seksje

Yn 'e GTf stie ién samling fan boeken sintraal: de Bibel en dêrnei de Trije Formulieren fan Ienichheid (de Heidelberchske Kategismus, de Nederlânske (Geloofs)belidenis en de Doardtske Learregels), dy't ek fan wêzentlik belang wiene.

Untjouwings yn de tsjerken bewurkje seksje

Yn 'e GTf wie der in radikale beweging dy't tocht dat har tsjerke de ienichste en wiere iepenbiering fan it lichem fan Kristus yn Nederlân wie (dy beweging neamde de GTf-leden ek de ware plaatselijken) en dat frijmakken harren eigen organisaasjes oprjochtsje moasten. Ommers, at jo sneins net yn deselde tsjerke sitte kinne, hoe kin je dan op oare dagen fan de wike gearwurkje? Dy beweging waard wol mei de trochgeande reformaasje oantsjut. Sa kaam der in eigen politike partij, in eigen krante en eigen skoallen en ferienings. In gefolch wie dat de frijmakken har isolearren fan oare otterdoks-protestantske tsjerken.

Nei de tsjerkespjalt yn 1967, dêr't de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken út ûntstienen, waard dy radikale streaming mear sichtber. Nei't ds. Johannes Hoorn út Gruttegast yn 1982 dy miening op papier set hie, waard dúdlik dat de streaming net represintatyf foar de tsjerke wie. De synoade fan Heemse (1985) sei dêr oer: …de kerk in Nederland en daarbuiten heeft zich nooit in zichzelf opgesloten in de gedachte dat buiten haar grenzen geen reformatorisch werk uit kracht van Gods genade zou zijn op te merken… (Akten fan dy synoade, bylage B3, haadstik II, artikel 3.5.5). Nei dy útspraak naam it besef dat de eigen tsjerke net de "iene wiere" is ta.

Yn 'e rin fan 'e jierren 1990 kaam der in ein oan 'e isolaasje fan 'e frijmakken, mei't hja hieltyd mear gearwurking sochten mei oare otterdoks-protestantske tsjerken. De frijmakke organisaasjes waarden ek tagonkliker foar dy otterdokse protestanten.

Yn 2003 wie der ûnrêst oer de koers fan dy tsjerken en ûntstie der in nije ôfsplitsing, dy't harsels de Grifformearde Tsjerke neamt, mar dy't meast de Nije Frijmakke Tsjerken neamd wurde. In part fan 'e ûngerêsten bleau lykwols yn 'e GKf.

De GKf gie yn 'e rin fan 'e tiid yn petear mei de Kristlike Grifformearde Tsjerken en mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken en op guon plakken late dat ta fúzjes. Yn Inkhuzen, Harns, Nymwegen, Snits en Veendam binne de CGK en GKf ién wurden. Yn Saandam bestiet in fúzjegemeente fan NGK en GTf. Op 1 oktober 2008 hie de GTf sa'n 270 gemeentes mei in totaal fan 124.710 leden, 500 minder as yn 2007.

De gearwurking mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken late yn 2023 ta in fúzje fan 'e GTf en de NGT. It nije tsjerkegenoatskip hjit no Nederlânske Grifformearde Tsjerken. By it tsjerkegenoatskip binne 320 tsjerken mei likernôch 140.000 leden oansletten.

Krante en polityk bewurkje seksje

It Nederlands Dagblad, yn 1944 heal om heal as it yllegaal blêd Reformatie Stemmen oprjochte, letter it Gereformeerd gezinsblad, wie de sprekbuis fan 'e tsjerke. Yn 1959 waard it in deiblêd en sûnt ein 1967 giet it fierder ûnder de namme Nederlands Dagblad. Oant 1974 wie Piet Jongeling haadredakteur. Jongeling wie ek jierrenlang de foaroanman fan it GPV, de politike takke fan 'e GTf (letter mei de Reformatoryske Politike Federaaasje (RPF) fusearre ta KristenUny). Ek wie Jongeling in bekend berneboekeskriuwer. Hoewol't de spesjale bân mei de GTf loslitten is, kin de skriuwstyl fan de krante noch typysk grifformeard neamd wurde.

Tsjerklike organisaasjes bewurkje seksje

Universiteit bewurkje seksje

De GTf hawwe in eigen teologyske universiteit yn Kampen, dy't oantsjut wurdt as de Teologyske Universiteit Kampen (Broederweg).

Skoallen bewurkje seksje

Der binne 171 skoallen fan grifformeard-frijgemakke signatuer dy't ferbûn binne oan de GTf. Meast wurde sokke skoallen grifformeard neamd. It giet om de folgjende soarten skoallen:[2]

Literatuer bewurkje seksje

  • Vrijmaking - Wederkeer, Barneveld 1994, redaksje Detmer Deddens en Melis te Velde - tagonklik boek oer ûntstean en skiednisan de GKf
  • Vuur en Vlam, Amsterdam 1994, 1998, 2004, redaksje Roel Kuiper en Willem Bouwman - trilogy krityske beskôging skiednis GTf

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trou: Twee gereformeerde kerken verder als één genootschap, 20 april 2023
  2. Gereformeerd Onderwijs, Kristlik Underwis