Tsjerke oan 'e Ie (Burdaard)
De Tsjerke oan 'e Ie is de eardere grifformearde tsjerke fan Burdaard. Tegearre mei de foarhinne herfoarme "Tsjerke op de Terp" is it ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum. Beide tsjerken wurde troch de gemeente foar de sneinske tsjinsten brûkt.
Tsjerke oan 'e Ie | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Burdaard | |
adres | Ds. R.H. Kuiperstrjitte 8 | |
koördinaten | 53° 17' N 5° 52' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1892-1893 | |
Webside | ||
PKN-gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum | ||
Kaart | ||
Op 31 augustus 2008 fierde de Protestanske Gemeente Burdaard dat de Herfoarme Gemeente Burdaard-Jannum en de Grifformearde Gemeente Burdaard-Jislum-Wânswert offisjeel op 24 juny fan dat jier fusearre wiene.[1]
Skiednis bewurkje seksje
Yn 1841 waard foar de ôfskieden gemeente in tsjerke boud. Nei de doleânsje waard dy tsjerke te lyts en moast de hjoeddeiske tsjerke boud wurde. It portaal is letter oanboud.[2]
Ynrjochting bewurkje seksje
De tsjerkeseal is ferdield yn trije rigen banken en in kreake, dy't op de preekstoel oriïntearre binne. Boppe de preekstoel hinget it oargel. It ferwulft is yn 1989 wer yn de oarspronklike kleuren skildere.[3]
Oargel bewurkje seksje
Yn 1920 boude Bakker & Timmenga in oargel yn de tsjerke. Mei gebrûk fan ûnderdielen fan it âlde oargel boude Wil Boegem yn 1972 in nije meganysk sleeplade-oargel mei 21 registers.[4]
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|