Guozzelûken

(Trochferwiisd fan Guozzelûke)

Guozzelûken (Nederlânsk: ganstrekken; Limburchsk: gawstrèkke; Ingelsk: Goose pulling; Dútsk:Gänsereiten, Gänseköppen of Hähneköppen ) is yn Nederlân, Belgje en Noard-Dútslân fanâlds in folksfermeits. It wurdt tsjintwurdich noch dien yn parten fan Belgje en Dútslân (op Fêsteljûn) en yn Nederlân yn Grevenbicht, allinne is de libbene goes no troch in deadenien ferfongen.[1]

Guozzelûken yn West Firginia, ôfbyld troch Frederic Remington, 19e iuw
Guozzelûken yn Sevinghausen

Guozzelûken heart ta de ier-midsiuwske kwelspullen dy’t doe tige algemien wiene op it plattelân fan Noardwest-Europa. It gie der doe rûch oan wei. De spullen kamen yn ferskate foarmen foar. Yn alle gefallen waard in libbene guos oan de poaten ophong en waard der besocht om de kop derôf te lûken. Yn Grevenbricht giet it om guozzelûken op it hynder. Yn it noarden fan Nederlân wie it wenst om mei in boatsje ûnder de goes troch te farren, dy’t oan in line boppe in wetter ophongen wie, en sa de kop der ôf te lûken. Soms waarden kop en hals fan guos ynfette om it wat dreger te meitsjen. Yn gefal fan in rike dielnimmer waard de guos ek wol ferfongen troch in swan. De midsiuwske tradysje fan it guozzelûken is yn ferskillende lannen yn suver deselde foarm behâlden bleaun. Europeanen hawwe de tradysje meinaam nei Noard- en Súdamearika.

Mids 19e iuw waard mear en mear beswier makke tsjin it kwelspul, ek fanwege de iepenbiere dronkenskip dy’t der faak anneks oan wie. It ôfskaffen dêrfan late yn Amsterdam yn 1876 ta it saneamde merkerebûlje. Doe wie it in ein hinne dien mei it spul yn Nederlân.

In besibbe folksfermeits wie it iellûken, wat ein 19e iuw ek ferbean waard troch de oerheid en yn 1886 oanlieding wie foar de ielrebûlje (palingoproer) yn Amsterdam.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Morgen Buitenland, 2008-02-18. 2010-05-04