Hakke fan Missoery

De Hakke fan Missoery (Ingelsk: Missouri Bootheel) is in nei it suden ta útstykjende krite yn it uterste súdeastlike diel fan 'e Amerikaanske steat Missoery. It wurdt begrinzge troch it grûngebiet fan 'e steat Arkansas yn it suden en westen, en de rivier de Mississippy yn it easten. Oare kant dy rivier leit it grûngebiet fan 'e steaten Tennessee en Kentucky. Yn it noarden sit de Hakke fan Missoery fêst oan 'e rest fan Missoery. It gebiet makket diel út fan 'e alluviale flakte fan 'e Mississippy, en is it leechst leine, platste, waarmste en wietste diel fan Missoery. It is ek ien fan 'e earmste parten fan 'e steat, mei in ekonomy dy't frijwol folslein agrarysk is. Wol is de grûn yn 'e Hakke fan Missoery tige fruchtber, sadat der in protte rys en katoen ferboud wurdt.

De Hakke fan Missoery (read) yn 'e steat Missoery.

Geografy en demografy bewurkje seksje

De Hakke fan Missoery beslacht trije countys: Dunklin County, New Madrid County en Pemiscot County, mei in mienskiplik oerflak fan 4.447 km². Yn 2000 hie it gebiet in befolking fan 69.880 lju, wat betsjut dat de befolkingstichtens doe 15,7 minsken de km² bedroech. It grutste plak yn 'e Hakke fan Missoery is Kennett, it haadplak fan Dunklin County. Pleatslik wurdt de term Missouri Bootheel ek wol brûkt om it hiele leechlân fan súdeastlik Missoery mei oan te tsjutten, dat ek dielen fan 'e countys Butler, Mississippi, Ripley, Scott en Stoddard omfiemet, mei dêropta de súdlike rânen fan Cape Girardeau County en Bollinger County.

 
It lânskip yn Pemiscot County.

Skiednis bewurkje seksje

De Hakke fan Missoery foarme it episintrum fan 'e fjouwer Ierdbevings fan New Madrid (1811-1812). Yn 1821, doe't Missoery de status fan Amerikaanske steat krige, waard de Hakke dêroanta heakke om't it gebiet mear gemien hie mei de rivierstedsjes Cape Girardeau en Ste. Genevieve, yn Missoery, as mei it omlizzende plattelân fan Arkansas. Neffens apokrive ferhalen soe it gebiet lykwols by Missoery kommen wêze om't in lânmjitter begrutsjen hie mei in earme widdo dy't 65 km besuden de grins fan Missoery wenne sûnder dat hja dat besefte, of om't in Missoeriaan út 'e Hakke net yn Arkansas komme woe te wenjen om't er heard hie dat dêr sykte hearske en alderhanne gefaarlike bisten libben.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fûnen ferskate fjildslaggen yn 'e Hakke fan Missoery plak, wêrfan't de bekendste de Slach om Eilân Nû. 10 wie. Oant de 1920-er jierren wie de Hakke in gebiet mei in protte lytse boerespultsjes dêr't weet ferboud waard, mar nei't in pleach fan 'e katoensnúttoarre (Anthonomus grandis) de katoenfjilden fan Arkansas oantaaste, ferfearen in protte katoenplanters dêrwei nei de Hakke fan Missoery. Dy kochten dêr hast alle grûn op om op grutskalige wize katoen te ferbouwen en hellen swarte lânarbeiders oan om it meastepart fan it wurk te dwaan. Nei't yn 'e 1930-er jierren de meganisaasje fan 'e lânbou begûn wie, teagen in protte swarten ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing fierder nei it noarden ta om yn grutte stêden as St. Louis, Chicago en Detroit in better bestean te sykjen. Sadwaande bestiet tsjintwurdich it grutste part fan 'e befolking fan 'e Hakke wer út blanken.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.