Harenkarspel is in eardere gemeente yn 'e krite West-Fryslân fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De namme fan 'e gemeente wie oant yn 'e tweintichste iuw de namme foar de hjoeddeiske buorskip Kerkbuurt. It haadplak fan 'e gemeente wie lykwols Tuitjenhorn. Harenkarspel ûntstie yn 'e Frânske Tiid, en gie yn 2013 mei de gemeenten Skagen en Zijpe op yn 'e nije fúzjegemeente Skagen. De gemeente waard yn 1990 útwreide mei de doe ophefte gemeenten Sint Maarten en Warmenhuizen.

Harenkarspel
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
sifers en geografy
haadplak Tuitjenhorn
grutste plak Warmenhuizen
ynwennertal 16.192 (1 jannewaris 2012)
befolkingstichtens 356 / km²
oerflak 54,84 km²
● wêrfan lân 45.53 km²
● wêrfan wetter 9,30 km²
tal doarpen 10
ferkearsieren N245
skiednis
oprjochte 1990
1990-2012 Sint Maarten
Warmenhuizen
Harenkarspel
opheft 2012
opgien yn Skagen
no part fan Skagen
oar
netnûmer 0224, 0226
postkoade 1738, 1744-1749
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Harenkarspel as doarp bewurkje seksje

Oant yn de 20e iuw wie Harenkarspel ek in plaknamme. Om 1295 waard der in terp opwurpen eastlik fan Tuitjenhorn. Dêr kaam in tsjerkje op te stean mei wat bebouwing dêromhinne.

It foarste part fan de namme "Haren" wie in ferbastering fan hering itjinge "frij gebiet" betsjutte. Karspel is in âlde beneaming fan in tsjerkegemeente. It lân wie yn eigendom fan de Abdij fan Egmond. De abdij joech it foar in part yn 1289 yn lien oan de Hearen fan Egmond. De Hearen makken út dat it gebiet in frij plak wie om jin te fêstigjen: in hering dus. It wenplak Heringcarspel, dat troch de iuwen hinne ferskate staveringsfarianten hie, wie letter de namme fan de gemeente. Yn de 20e iuw waard it doarp omneamd ta Kerkbuurt (Tsjerkebuorren). Doe bleau allinnich de gemeentenamme ta oantinken oan dat frije gebiet oer. De herfoarme tsjerke fan Kerkbuurt waard yn 1923 ôfbrutsen. Kerkbuurt leit hjoed-de-dei yn it noardeasten fan d edoarpskearn fan Tuitjenhorn en is hjoed-de-dei dus in buorskip ûnder dat doarp.

Plakken yn de gemeente bewurkje seksje

Doarpen yn de gemeente Harenkarspel
Doarp Ynwenners
(1 jannewaris 2022)
Dirkshorn 1.620
Eenigenburg 200
Groenveld 173
Krabbendam 140
Sint Maarten 1.865
Stroet 350
Tuitjenhorn
(haadplak)
3.760
Valkkoog 160
Waarland 2.690
Warmenhuizen 6.065

De folgjende útbuorrens en buorskippen hearden by de gemeente: De Banne, Bliekenbos, Dijkstaal, Grootven, Huiskebuurt, Kalverdijk, Kerkbuurt, 't Rijpje, Schagerwaard, Schoorldam (foar in part), Slootgaard, Vennik (foar in part), De Weel (foar in part), Woudmeer en Zijbelhuizen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Gemeenten yn de krite West-Fryslân
 
Alkmar - Dyk en Waard - Drechterlân - Hoarn - Hollâns Kroan - Inkhuzen - Koggelân - Medemblik - Opmeer - Skagen - Stede Broec