Hauwert is in doarp yn 'e gemeente Medemblik yn West-Fryslân. It leit tusken Nibbikswâld en Wervershoof, noardlik fan 'e stêd Hoarn. It is oarspronklik in lintdoarp, mar hjoed-de-dei hat it wat nijbou by de doarpskearn. Hauwert is oant de dei fan hjoed (2024) noch altiten in doarp mei in agrarysk karakter.

Hauwert
Nikolaastsjerke
Nikolaastsjerke
Emblemen
               
Polityk
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal 745 (1 jannewaris 2023)
Oar
Postkoade 1691-1692
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 42 'NB, 5° 5 'EL
Offisjele webside
Doarp Hauwert
Kaart
Hauwert (Noard-Hollân)
Hauwert

It doarp hat 745 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

 
Pleatsen oan 'e haadwei.

It doarp hjitte eartiids Bokswâlde. Letter ûntstie in twadde kearn mei bewenning, dat Nije Bokswâlde neamd waard. Lang om let feroare Bokswâlde yn Ald Bokswâlde. De plaknamme soe ferwize nei in taksisbosk, en sa soe Bokswâlde dat plak by it taksisbosk betsjutte. Bokswâlde is al in âld plak, mar hoe âld is net bekend. Tocht wurdt dat it plak tusken 500 en 950 ûntstien wêze moat. Yn 'e 15e iuw kaam de hjoeddeiske plaknamme foar as Hauwaert en yn 1639 waard de stavering lykas tsjintwurdich.

Hauwert en Nibbixwâld wiene tusken 1414 en 1436 ûnderdiel fan 'e stêd Wognum. Sûnt 1436, nei't Wognum de stedsrjochten ferlear, foel Hauwert ûnder it poarterjocht fan Hoarn.

De 15e-iuwske tsjerke fan Hauwert wie eartiids in roomske, oan de hillige Nikolaas wijde tsjerke. De tsjerke waard yn 1971 in ryksmonumint en docht gjin tsjinst mear as tsjerkegebou, mar as kultureel sintrum en bedriuwsromte.

Bestjoer bewurkje seksje

Oant 1 jannewaris 1979 hearde it doarp by de gemeente Nibbikswâld. In útsûndering wie lykwols de Notweg, dy't by de gemeente Wervershoof hearde. Oant 1976 wie dy wei fanút de gemeente Wervershoof allinne benei te kommen oer it grûngebiet fan 'e gemeente Nibbikswâld. By de weryndieling waard it doarp hielendal oan de doe nij gemeente Noarder-Koggelân tafoege. Sûnt 1 jannewaris 2007 is dy gemeente fusearre mei de gemeente Medemblik, dêr't ek Nibbikswâld by heart, sadat Hauwert en Nibbikswâld tsjintwurdich wer yn ien en deselde gemeente lizze.

Oars bewurkje seksje

By it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hauwert fan Wikimedia Commons.