In hektograaf, sjelatine duplikator of jellygraph is in tastel om mei in bepaalde inket skreaune teksten te fermannichfâldigjen.

Advertinsje út 1876
Trommehektograaf

De hektograaf bestie út in houten bak fold mei in laachje stisel. Dat laachje sûge – yn spegelbyld – de inkt op út it orizjineel. Dêrnei waard in fel papier op de laach mei inket lein, wêrnei’t de inket mei in rôler in ôfdruk op it papier makke. Mei dizze metoade koenen sa’n tweintich oant tachtich ôfdrukken makke wurde, ôfhinklik fan de handichheid fan de brûker; folle mear dus as mei de kopiearpinne en karbonpapier. De stisel bestie nei de patintferliening yn 1879 út in gearraand mingsel fan ien diel sjelatine, fjouwer dielen glyserine fan 30 Grad Baumé. Minstens acht inketkleuren wienen te krijen, mar pears waard it meast brûkt om syn tichtheid en kontrast. Letter kamen der hektografearmasines dy't in trommel ynstee fan in flakke plaat brûkten. Der wie in spesjaal griis kessen by te krijen om it brûkte sjelatineoerflak skjin te meitsjen. Dat wie wol in gegriem en duorre lang. By it printsjen moast der goed om tocht wurde it sjelatineoerflak skjin de hâlden en net te skansearjen mei de fingerneilen.

Tapassings bewurkje seksje

Mooglik wie de hektograaf al yn de jierren santich fan de 19e iuw brûkt op in pear kantoaren. De technyk waard brûkt foar proefwurken op skoallen, tsjerkebulletins en notulen. Kriichsfinzenen by it kastiel fan Colditz yn de Twadde Wrâldoarloch brûkten in ymprovisearre hektograaf om dokuminten foar in flechtpoging te fermannichfâldigjen. In pear kear is der troch Russyske futuristen in boekyllustraasje mei makke en de Dútske ekspresjonist Emil Nolde brûkte fjouwer hektografen.

gravearpinne

Yn de jierren tachtich ferskynde in nije technyk: de gravearpinne: mei waaks ympregnearre papier en in stielen plaat dêr’t it papier op lei. De pinne makke perforaasjes yn it fel papier, wêrnei’t der mei help fan in bak, papier, inket en in rôler fermannichfâldige wurde koe. Spesjaal anilinekleurstoffen waarden brûkt om de haadkopy te meitsjen yn de foarm fan inket of in pennen, potloden, karbonpapier. It soe úteinlik liede ta de ûntwikkeling fan stinsilmasines dêr't wol in pear tûzen ôfdrukken mei makke wurde koene.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Hectography