Helga Haase berne as Helga Obschernitzki (Danzing-Schidlitz, 9 juny 1934 - Berlyn, 16 juny 1989) wie in East-Dútsk reedrydster.

Helga Haase
sporter
Helga Haase (1967)
Helga Haase (1967)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Helga Haase
nasjonaliteit flagge fan de Dútske Demokratyske Republyk East-Dútsk
bertedatum 9 juny 1934
berteplak Danzing-Schidlitz
stjerdatum 16 juny 1989
stjerplak Berlyn
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Squaw Valley 1960,
Innsbruck 1964
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1960
1x sulver Olympyske Spullen 1960
Net te betiizjen mei Hella Haasse, in Nederlânske skriuwster.

Sy die acht kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1960 en 1964). Se waard de earste froulike olympysk kampioene reedriden. Yn 1960 stie it reedriden foar it earst foar froulju op it programma by de Winterspullen, dy't hâlden waarden yn Squaw Valley. De earste ôfstân foar de froulju wie de 500 meter, dy't in proai waard foar de East-Dútske Haase. Op de 1000 meter heakke se der noch in sulveren medalje oan ta. By har twadde dielname oan de Winterspullen yn 1964 wie it fjirde plak op de 1000 meter har bêste resultaat. Sy waard ek tsien kear East-Dútsk allround kampioen. Yn 1984 gie Haase wurksum as boekhâldster by de Volkspolizei mei pensjoen fanwegen tanimmende lichaamlike beheiningen.

Helga Haase ferstoar op 16 juny 1989, yn 'e âldens fan 55 jier.

Persoanlike rekôrs bewurkje seksje

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 45.9 20 febrewaris 1960   Olympic Skating Rink, Squaw Valley
1000 meter 1:34.3 22 febrewaris 1960   Olympic Skating Rink, Squaw Valley
1500 meter 2:28.6 31 jannewaris 1964   Olympia Eisstadion, Innsbruck
3 km 5:19.7 1 maart 1964   Weissensee, Berlyn

Resultaten bewurkje seksje

jier WK
Allround
Olympyske
Spullen
1956 17e
1957 13e
1958 6e
1959 8ste
1960 500 m,  
1000 m,  
1500 m, 8ste
1961 6e
1962 5e
1963 19e
1964 8ste 500 m, 8ste
1000 m, 4e
1500 m, 5e

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:NO