Henricus Franciscus Caroluszoon (Hendrik) Tollens (Rotterdam, 24 septimber 1780 - Rijswijk, 21 oktober 1856) wie in Nederlânsk dichter, waans âlden út Gint kamen. Hy wie by syn libben tige populêr.

stânbyld Hendrik Tollens

De krityk fan de Tachtigers hat der yn in pear jier ta laat dat Tollens syn ferneamdens yn mar in pear jier kwytrekke. Syn wurk waard net mear printe en yn skoalboeken waard er trochsnee alinne neagatyf besprutsen.

Earst ein 20e iuw naam it omtinken foar Tollens wer wat ta. Men seach yn dat syn wurk wol kultuerhistoarysk belang hat, it wie essensjeel foar in goed byld fan it 19e-iuwske Nederlân. Dêrneffens skriuwe ensyklopedyen en skoalboeken tsjintwurdich minder polemysk oer syn wurk as earder it gefal wie.

Bibliografy bewurkje seksje

  • 1799 - Proeve van sentimenteele geschriften en gedichten
  • 1800,1802,1805 - Proeve van minnezangen en idyllen (trije stikken)
  • 1801 - Nieuwe verhalen
  • 1802 - Dichtlievende mengelingen
  • 1803 - Tuiltje van geurige dichtbloemen, op Franschen bodem geplukt
  • 1805 - Lukretia of de verlossing van Rome
  • 1806 - De Hoekschen en Kabeljaauwschen
  • 1808-1815 - Gedichten
  • 1809 - Jubelzang voor de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen (útjûn yn 1813)
  • 1817 - Volkslied Wien Neerlands bloed
  • 1818-1819 - Romancen, balladen en legenden, 2 stukken
  • 1820 - De overwintering der Hollanders op Nova Zembla
  • 1821,1828 - Nieuwe gedichten
  • 1828 - Avondmijmering
  • 1832 - Liedjes van Matthias Claudius - sjoch Matthias Claudius
  • 1839 - Dichtbloemen, bij de naburen geplukt
  • 1840 - Verstrooide gedichten
  • 1848,1853 - Laatste gedichten
  • 1855 - Nalezing

Literatuer bewurkje seksje

  • Huyges, Gerard W. Hendrik Tollens: de dichter van de burgerij, een biografie en een tijdbeld. - Rotterdam: Nijgh & van Ditmar, 1972
  • Schotel, Gilles D.: Tollens en zijn tijd: een proeve van levensbeschrijving. - Tiel: van Wermeskerken, 1860