Hendrik de Cock (Veendam, 12 april 1801 - Grins, 14 novimber 1842) wie in Nederlânsk predikant dy't oan de basis stie fan de Ofskieding fan 1834, dy't úteinlik laat hat ta it ûntstean fan selsstannige grifformearde tsjerken neist de Nederlânske Herfoarme Tsjerke.

Hendrik de Cock ± 1829

Hendrik de Cock waard berne yn Veendam as soan fan Regnerius Tjaarda de Cock en Jantje Kappen. Syn pake, Regnerius Tjaada de Cock wie herfoarme dûmny om 1750 hinne. Koart nei syn berte ferhuze de hûshâlding nei Wildervank. Yn 1824 troude er mei Frouwe Venema (1803 - 1889).

Hy gie nei de Universiteit fan Grins om dêrnei dûmny wurde te kinnen. Yn 1823 studearre er ôf yn de teology.

Hy waard beroppen yn de gemeente fan Eppenhuizen yn Grinslân en waard dêr befêstige yn 1824, koart nei syn houlik. Hy stie dêr trije jier en waard yn 1827 predikant yn Noardlaren, dêr't er twa jier bleaun.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Ernstige en hartelijke toespraak aan mijne landgenooten, Feendam 1834
  • De zoogenaamde Evang. Gezangen, strijdig met Gods woord, Grins 1835
  • Berigt nopens mijne verantwoording voor de Synode, mijne conditioneele veroordeeling, en mijne verdere pogingen tot herstel van Gods waarachtige dienst, Feendam 1835
  • Verzameld werk, deel 1 en deel 2, Houten 1984

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje