Herman Hollerith (Buffalo (New York), 29 febrewaris 1860Washington D.C., 17 novimber 1929) wie in Amearikaanske statistikus en útfiner fan ûnder oare de pûnskaart.

Herman Hollerith
Hollerith syn pûnskaart

Biografy bewurkje seksje

Hollerith wie de soan fan Dútske ymmigranten, en gie op 15-jierrige leeftiid nei it City College of New York. Hy studearre op 19-jierrige leeftiid ôf fan de Columbia School of Mines.

De earste baan fan Hollerith wie by de U.S. Census effort, it buro dat de folkstelling yn de VS fan 1880 útfiere moast. Letter hat Hollerith wurktúchboukunde dosearre oan it Massachusetts Institute of Technology en hat hy foar it U.S. Patent Office wurke. Yn 1896 hat Hollerith de Tabulating Machine Company oprjochte, de foarrrinder fan Computer Tabulating Recording Company (CTR). Oant syn pensjoen yn 1921 hat hy noch as adviseur foar CTR wurke. Yn 1924 feroare CTR har namme yn IBM - the International Business Machines Corporation.

It resultaat fan it brûken fan de masines fan Hollerith foar de folkstelling wie enoarm, de besparring wie 5 miljoen dollar, tsien kear safolle as begrutte. De tellling wie yn seis wiken klear, folle minder as de begrutte twa jier.

It súkses stelde Hollerith yn steat dizze kommersjeel te ferkeapjen oer de hiele wrâld. Holleriths syn bedriuw is de foargonger fan ien fan de grutste yn de tsjintwurdige computerbusiness: Big Blue (IBM).